Gregoarius V (paus)
Gregoarius V, berne as Bruno fan Karintië yn 972 (nei alle gedachten yn Stainach yn it doedestiidske East-Frânsje) en ferstoarn op 18 febrewaris 999 yn Rome, wie fan 996 oant 999 paus. Hy stamde út in Salysk skaai en waard op oantrunen fan Otto III ta paus beneamd. Fanwegen syn komôf út it hartochdom Karintië wie Gregoarius de earste Dútske paus.
Gregoarius V | ||
kristlik lieder | ||
amt en titulatuer | ||
amt | paus fan Rome | |
tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | bisdom Rome | |
sit | Hillige Sit | |
foargonger | Jehannes XV | |
opfolger | Silvester II | |
persoanlike bysûnderheden | ||
bertenamme | Bruno fan Karintië | |
bertedatum | 972 | |
berteplak | Stainach, Stiermarken | |
stjerdatum | 18 febrewaris 999 | |
stjerplak | Rome |
Libben
bewurkje seksjeBruno fan Karintië waard berne yn 972 as twadde soan fan Otto fan Wormsgau (sûnt 978 hartoch fan Karintië) en Judith fan Karintië. Otto de Grutte wie syn oerpake. As berteplak fan de lettere paus wurdt Stainach oerlevere, yn it hjoeddeiske Stiermarken, dêr't syn heit sa't it liket in lânhûs besiet.
Yn Worms waard Bruno troch aartsbiskop Willigis fan Mainz foarme. Ek de út Kalaabrje stammende Gryk Jehannes Filagatos, syn lettere tsjinpaus yn Rome, wie ien fan syn learaars. Ynearsten wurke Bruno as kapelaan yn Worms en yn 996 reizge er tegearre mei aartsbiskop Willigis en biskop Hildebold as hôfkapelaan mei kening Otto III nei Rome. Paus Jehannes XV hie de kening nedich yn in konflikt mei de romeinske stedsadel. Underweis nei Rome kaam lykwols it berjocht dat de paus ferstoarn wie. Op oantrunen fan Otto III waard op 3 maaie 996 Bruno yn Rome ta paus keazen. Hy naam de namme Gregoarius V en wie mei in leeftyd fan 24 jier ien fan de jongste pausen út de tsjerkeskiednis. In pear wiken letter kroande er op 21 maaie 996 Otto III as roomsk-dútsk keizer.
Foar de oanwizing fan Bruno as paus troch Otto III hie de besetting fan de Hillige Sit altiten in saak west fan politike yntriges fan de romeinske stedsadel. De romeinske adel wie no min te sprekken oer de kar fan de keizer en doe't Otto III yn 997 Rome ferliet, seach de adel harren kâns en liet dy ûnder lieding fan it haad fan de machtige Crescentius-famylje de byzantynske gelearde (en eardere learaar fan Bruno) Jehannes Filagatos as tsjinpaus beneame. Sûnder de beskerming fan de keizer moast Gregoarius nei Spoleto flechtsje. Mei help fan de keizer koe Gregoarius wer nei Rome werom gean en no moast tsjinpaus Jehannes meitsje dat er fuort kaam. Yn Campagne hie de tsjinpaus him ferstoppe yn in toer, mar hy waard dêr ûntdutsen en ferskriklik mishannele en misfoarme nei Rome werom brocht. De keizer liet de eardere learaar fan Bruno sûnder eagen, earen, noas en tonge, mar yn pauslike klean, op in ezel yn in skandeprossesje troch de stêd tôgje.
Paus Gregoarius liet in synoade by inoar komme, dy't rjocht spriek oer Jehannes en him formeel dien joech. Hy waard wer op in ezel set en nei in kleaster brocht, dêr't er fyftjin jier letter ferstoar. Crescentius I. Nomentanus waard as oanstichter fan de reboelje op it Castel Sant'Angelo ûnthalze. De swiere straf feroarsake noch al wat lilkens, lykas by in as hillige fereare hearemyt. De hast 90-jierrige Nilus fan Rossano, dy't earder noch de tsjinpaus warskôge hie foar syn ûnfoege ambysje, frege by keizer en paus om genede foar de tsjinpaus en syn hantlangers. Doe't sawol de keizer as de paus wegeren, drige de lilke hillige lûd mei God's oardiel en dat de himelske flok ier as let harren wrede herten treffe soe.
Doe't de Frânske kening Robert de Fromme, in soan fan Hugo Capet, sûnder tsjerklike tastimming in fier famyljelid troude, drige Gregoarius him mei in tsjerklike ban en it kaam ta in skerp konflikt, dat nei de dea fan Gregoarius sels noch in tydlike tsjerkeskuorring feroarsake.
It epitaaf fan de paus wiist op it feit dat er net allinne yn it Latyn, mar ek yn it Frankysk en de yn Rome wenstige folkstaal (lingua vulgaris) preke.
Gregoarius ferstoar op 18 febrewaris 999 yn Rome, nei alle gedachten oan de gefolgen fan malaria. Hy wie doe noch mar 27 jier âld. Der wurdt wolris tocht dat de paus fergiftige is, mar dat wurdt ûnwierskynlik achte. Hy waard yn de Sint-Piter yn Rome oan de side fan de Otto II byset, dy't as iennige keizer fan it Hillige Roomske Ryk yn Rome ferstoarn en dêr byset is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gregor V. (Papst)
|