Grevensfeart
De Grevensfeart is in wetter yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn de Haskerfeanpolder en rint fan Vegelinsoard, it eardere Stobbegat nei de Deelsbrêge. It wetter rint njonken de Grevenwei en de Deelswâl. De polder oan de noardkant hjit de Bûtengreven en oan de súdkant Binnengreven.
De namme Grevensfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Grevenvaart.