Grienlânsk, ek wol Kalaallisut, Grienlânsk Inuktitut of Grienlânsk Eskimoosk neamd, is de taal fan de eskimo's fan Grienlân. It is in Eskimo-Alejûtyske taal en bot besibbe oan Kanadeeske talen, sa as it Inuktitut. Sa'n 47.000 minsken yn Grienlân en likernôch 7000 yn Denemarken prate Grienlânsk. Grienlânsk is yn Grienlân de offisjele taal.

De Injûittalen, Grienlânsk yn it tuskenblau

De taal ferskynd op Grienlân mei de komst fan de Thule kultuer yn 1200. It is net bekend hokker taal sprutsen waard troch de eardere Saqqaq en Dorset kultueren yn Grienlân. De earste beskriuwing fan de taal datearret út de 17e iuw en mei de komst fan Deenske misjonarissen begjin 18e iuw en de Deenske kolonisaasje fan Grienlân waarden der wurdboeken gearstald en de grammatika beskreaun. De misjonaris Paul Egede wie in pionier op dat mêd.

Mei de komst fan de Denen yn de 18e iuw oant 1979 ta, doe't Grienlân in selsstannige posysje krige, hat it Grienlânsk hiel bot beynfloede west troch de Deenske taal.

Fan 1851 oant 1973 waard it Grienlânsk skreaun yn in yngewikkelde stavering betocht troch de misjonaris Samuel Kleinschmidt. Yn 1973 waard in nije stavering ynfierd, mei as doel om de skreaune taal tichter by de sprutsen taal te bringen dy't sûnt de tiid fan Kleinschmidts bot feroare wie. Dy herfoarming wie effektyf en hat it Grienlânsk fertuten dien.

In oare wichtige ûntwikkeling foar it fersterkjen fan it Grienlânsk hat de polityk fan "grienlânisearring" fan de Grienlânske maatskippij mei de homerule-oerienkomst út 1979 west. Dat belied hie as doel om de eardere trend fan marzjenalisearring fan it Grienlânsk om te bûgjen troch dêr de offisjele taal fan it ûnderwiis fan te meitsjen. Dêrtroch binne der op it heden in protte Grienlânske bern fan ientalige âlden twatalich wurden. Dêrtroch nimt it tal sprekkers fan de taal wer ta.

 
Twatalich parkearferbod yn Nuuk, yn it Deensk en it Grienlansk: "Parkearen ferbean foar alle reau"

It Grienlânsk is in polysyntetyske taal. Dêryn wurde tinken en sinnen útdrukt yn ien wurd dêr't foar- en efterheaksels oan taheakke binne. It is ek ergatyf, wat betjut dat it ûnderwerp fan in sin oars bûgd wurdt foar in transityf tiidwurd as foar in yntransityf tiidwurd. Wurden wurde ûnderskieden yn namwurden en tiidwurden en beide klassen wurde sels wer opdield yn yntransitive en transitive wurden.
It Grienlânsk hat acht mody, tsien nammefallen en fjouwer persoanen (de fjirde persoan is de yntransitive tredde persoan). Tiidwurden wurde sawol foar it ûnderwerp as foar it saaklik foarwerp neffens persoan en tal bûgd. Oft it Grienlânsk tiden hat, binne de saakkundigen noch oer yn petear. It is dúdlik, dat de tiidwurden net systematysk lykas yn it Nederlânsk of it Ingelsk nei notiid, doetiid en dantiid bûgd wurde. Boppedat binne der ek arguminten, dat de gronology yn it Grienlânsk alhiel troch oanheaksels en eksplisite tiidsbepalingen (bygelyks yn de winter) útdrukt wurdt.

Oars as yn besibbe Kanadeeske talen wurdt it Grienlânsk net syllabysk skreaun, mar wurdt it Latynsk alfabet brûkt. Oant foar koart waard dat oanfolle mei in aparte letter, de kra (symboal: "ĸ") dy't allinne yn it Grienlânsk foarkaam. It bylûd dat mei dat symboal oantsjut waard is de stimleaze hûchplofklank (in soarte k, mar dan fan efteryn de mûle foarme troch de tonge tsjin de hûch te drukken). In staveringsherfoarming hat net sa lang lyn de kra ferfongen troch de 'q'. De q is ek it symboal foar it byhearrend lûd yn it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet

Lykas de measte oare talen fan de Injûit hat it Grienlânsk mar 3 lûden: 'aa' (a), 'ie' (i) en 'oe' (û), dy't yn lange en koarte foarm foarkomme. Yn 1900 ferskynde in Bibeloersetting yn it Grienlânsk.

Keppelings om utens

bewurkje seksje