De grienskonk (Tringa nebularia) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels (Scolopacidae).

grienskonk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje snipfûgels (Scolopacidae)
skaai tjirken (Tringa)
soarte
Tringa nebularia
Gunnerus, 1767
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     dwaalgast


In folwoeksen grienskonk wurdt sa'n 35 sm. grut, krekt wat grutter as de Tsjirk. De wjukspanwiidte is sa'n 70 sm en de fûgel waacht in 280 gram. De fûgel hat griisgriene poaten en in lange snaffel dy't krekt in bytsje nei boppe bûget. De boppekant fan de fûgel hat griisbrune fearren, de ûnderkant is in stik ljochter, hast wyt fan kleur. De Grienskonk kin ek swimme en dûke, dit lêste dogge se benammen at se achternei sitten wurde troch in rôffûgel.

Fersprieding

bewurkje seksje

De grienskonk libbet benammen yn ûndjip wetter sa as sompen, marren en rivieren yn it noarden fan Jeropa, útsein Yslân. By't winterdei lûke guon fûgels nei West en Súd-Jeropa, de measten oerwinterje lykwols yn de tropen.

De grienskonk yt wjirms, kreeften en ynsekten en harren larven. Ut en troch pakt er mei syn lange snaffel ek wol lytse fiskjes út it ûndippe wetter.

 
Aaien fan 'e grienskonk.

Fuortplanting

bewurkje seksje

De briedtiid is fan maaie oant july. It nêst is in kûltsje op de grûn mei wat plantemateriaal oanklaait. It wyfke leit fjouwer 5 sm. grutte aaien, dy't troch de beide âlden sa'n 24 as 25 dagen bebret wurde. De jongen ferlitte fuortendaliks de earste dei al it nêst.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grienskonk fan Wikimedia Commons.