Grietje Spaanderman-Wielinga

Grietje Spaanderman-Wielinga (Sumar, 15 april 1899 - Snits, 18 maaie 1971) wie in Frysk skriuwster.

Op skoalle wie Spaanderman-Wielinga goed yn it meitsjen fan opstellen. Doe't se 23 jier âld wie troude se mei de Harnzer oannimmer Jacob Spaanderman (1896 - 1968). Se krigen ien soan, dy't letter de grutte feart op gean soe. Yn 1952 giene se nei Wassenaar, dêr't in âld fabryksgebou ta pinsjon ferboud waard. Yn dy tiid waard har talint as skriuwster ûntdutsen. Letter, yn 1960, gie it pear foar de rêst nei Harns, doe krige Spaanderman-Wielinga mear tiid foar it skriuwen.

Har heit fertelde de húshâlding faak ferhalen dy't fral giene oer legindes, sagen, mearkes en spûkferhalen. Dy ferhalen wiene foar har as skriuwster in allegeduerige boarne fan ynspiraasje. Yn Sumar hie de húshâlding Wielinga it goed, mar har measte ferhalen geane fral oer de grutte earmoede fan de twadde helte fan de njoggentjinde iuw. Se skreau dan fral oer de earme kriten yn Fryslân, dêr't Sumar en omkriten ek by hearden.

Foar't se troude skreau se yn Sumar al har roman It goudene ûleboerd. It boek bleau tsientallen jierren yn de kast lizzen, oant se yn 1955 it manuskript oanbea foar de romanpriisfraach fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB), se wûn doe fuortendaliks de haadpriis fan 1200 gûne. It boek waard in súkses; it waard werprinte yn 1979 en 1986. It boek waard letter bewurke ta in toanielstik fan it Iepenloftspul fan Burgum yn 1984. Underwilens skreau se tsientallen novellen, dy't publisearre waarden yn ûnder oare de Libelle, De Open Deur, De stim fan Fryslân, it Frysk Deiblêd ensafh.

Doe't se yn de jierren '60 nei Harns giene, samle se mei har man gegevens foar in roman oer Harns yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw. Se socht dêrby fral nei spûkskiednissen. Ien fan die ferhalen dy't se fûn hie, waard yn 1962 publisearre yn de Harnzer Krante. It boek oer Harns is lykwols nea foltôge en útjûn. Wa't der úteinlik mei it manuskript bard is, is oant hjoed-de-dei ûnbekend. Yn 1969 kaam wol it boek Moard yn toga út. It boek giet oer de moard troch de "Blikken Dominee" Johan Barger op Cato Mirande, op 6 maart 1894 yn Harns. Yn 2011 kaam der noch in boek út oer dat ûnderwerp; Simon Vuyk skreau it boek De blikken dominee dat útkaam by de Friese Pers Boekerij.

Yn totaal skreau Spaanderman-Wielinga seis boeken, dy't allegearre útbrocht binne troch de KFFB en útjûn binne troch útjouwer Osinga fan Boalsert. Nei har debút yn 1955 folge har twadde roman yn 1960: Juwielen Fearren. It boek is basearre op brieven en ferhalen fan har soan dy't op de grutte feart wie. Juwielen fearren binne fersiersels dy't by it Fryske earizer hearre. Har tredde boek, As de seemearmin sjongt, kaam yn 1962 út. It ferhaal spilet him yn de njoggentjinde iuw ôf yn Sumar, oan de igge fan de Burgumer Mar en de De Leien. Yn 1965 kaam har fjirde boek út: Kinke. De roman giet oer De Tike om 1900 hinne. It earste eksimplaar waard op 16 febrewaris 1965 oanbean oan de Harnzer boargemaster Berend Nauta.

Yn 1964 wûn Spaanderman-Wielinga foar de twadde kear de romanpriisfraach fan de KFFB, dat kear foar de roman It loeder fan Clancarty, it levere har in bedrach fan 2300 gûne op. It boek waard yn 1966 útjûn en is in histoaryske roman dy't him ôfspilet yn de Fryske Wâlden.

Njonken har boeken skreau Grietje Spaanderman-Wielinga yn de jierren '60 in grut tal artikels foar it Frysk Deiblêd. Se ferstoar op 18 maaie 1971 yn Snits.

  • It Goudene ûleboerd (1956, werprinte yn 1979 en 1986)
  • Juwielen Fearren (1960)
  • As de seemearmin sjongt (1962)
  • Kinke (1965)
  • It loeder fan Clancarty (1966)
  • Moard yn toga (1969)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: