Grifformearde tsjerke (Harns)
De Grifformearde tsjerke is in tsjerkegebou oan de Mullumerleane yn Harns. Sûnt 2018 is it ien fan de trije tsjerken fan de Protestanske gemeente Harns-Mullum.
Grifformearde tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Harns | |
adres | Mullumerleane 24 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1953 | |
arsjitekt | Hindrik Eldering | |
offisjele webside | ||
Side PKN-Hars-Mullum |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1953 troch de arsjitekt H. Eldering fan Ljouwert foar de grifformearden boud, nei't dy as gefolch fan de skuorring yn 1944 harren tsjerke oan de Noarderkade kwyt rekken oan it yn dy tiid nije tsjerkegenoatskip fan de frijmakke grifformearden.[1]
Oan it begjin fan 2007 waard it ynterieur fan de tsjerke mei help fan frijwilligers renovearre en modernisearre. Sa waard û.o. it liturgysk sintrum fernijd en fan nij meubilêr foarsjoen. Ek waard it hiele gebou fan binnen farve en de flier mei laminaat belein. Boppe it liturgysk sintrum krige in leger plafond in stjerrehimel.[2]
Op 1 jannewaris 2018 fusearren de grifformearden mei de herfoarme gemeenten fan Harns en Mullum.[3]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1951 boud troch de firma Pels & van Leeuwen (De Bosk).[4]
Oare tsjerken fan de PKN Harns-Mullum
bewurkje seksje- Grutte tsjerke, Harns
- Nikolaastsjerke, Mullum
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |