Grifformearde tsjerke (Pretoria)
De grifformearde tsjerke yn Pretoria is in histoarysk grifformeard tsjerkegebou yn Súd-Afrika, dêr't de doedestiidske presidint Paul Kruger op syn jierdei op 10 oktober 1896 de hoekstien foar lein hat. It ûntwerp foar it bouwurk waard makke troch de arsjitekt Klaas van Rijsse, dy't yn dy tiid nau gearwurke mei Sytze Wierda om Pretoria in mear stedsk oansjen te jaan.
Grifformearde tsjerke
Gereformeerde kerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Súd-Afrika | |
plak | Pretoria | |
adres | Hoeke Kerk-/Potgieterstraat | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1896 | |
arsjitekt | Klaas van Rijsse | |
boustyl | Neo-renêssânse | |
offisjele webside | ||
gk-pretoria |
Foargonger
bewurkje seksjeKrekt wat súdliker fan de hjoeddeiske tsjerke stie in ienfâldige tsjerke út de twadde helte fan de 19e iuw. De hoekstien fan dy tsjerke waard op 8 april 1867 troch presidint Marthinus Wessel Pretorius lein. De yngong fan de tsjerke wie oan de noardlike kant en de preekstoel stie tsjin de súdlike muorre. Al binnen fiif jier tiid wie de tsjerke te lyts en moasten in soad tsjerkegongers tidens it jûnsmiel bûten stean. Dwers op de besteande sealtsjerke waarden twa útwreidings oanboud, dy't de tsjerke in krúsfoarmich grûnplan joegen. It reiten tek fan de sealtsjerke waard ferfongen troch in sinken tek en bearen holden de muorren op it plak. Tsjin 1877 wie de earste útwreiding foltôge.
Yn de jierren 1884-1885 fûn in twadde útwreiding plak mei twa east-westlike krúsearms. Yn de tsjerke wie no plak foar 500 minsken. Op 16 oktober 1885 waard de fergrutte tsjerke iepene. Yn juny 1893 krige de tsjerke in Sauer-oargel út Dútslân. Ek tsjintwurdich is dit histoarykse oargel noch yn gebrûk. De tsjerke lykwols rekke nei de bou fan de hjoeddeiske tsjerke yn ferfal en waard yn 1910 oan de oerheid ferkocht en dêrnei ôfbrutsen.
Skiednis
bewurkje seksjeFanwegen de foarse taname fan it ynwennertal fan it doarp Pretoria yn de jierren 1890 kaam it probleem fan de te lytse tsjerke op de tafel fan de tsjerkeried telâne. In fûns foar de bou fan in nije tsjerke waard stifte, mar fanwegen ferskate tsjinslagen duorre it dochs noch oant 1896 ear't de earste stien foar de nijbou lein wurde koe. Dat barde troch Paul Kruger, de presidint fan de Súdafrikaanske Republyk, op syn 71e jierdei.
De arsjitekt, Klaas van Rijsse, wie in âlderling fan de gemeente en kaam oarspronklik út Nederlân. As gûvernemintsingenieur en -arsjitekt wie Van Rijsse ferantwurdlik foar de bou fan in grut tal oerheidsgebouwen en hearehûzen. Tsjerke-arsjitektuer wie lykwols in foarleafde fan Van Rijsse. De bou waard oannommen troch de firma Daanen en Dorlas en de boukosten bedroegen £ 13.000, dêrfan droech de presidint sels £ 2.250 by. De nije grifformearde tsjerke waard nei't de presidint de doarren iepene op de earste krystdei fan 1897 yn gebrûk nommen. Yn de nijbou wie plak foar njoggenhûndert tsjerkegongers en de tsjerke hat neitiid nea wer te lyts west. De yn de styl fan de Nederlânske neo-renêssânse boude tsjerke beynfloede letter ek de bou fan oare tsjerken. De fan reade bakstien boude tsjrke hat in grûnplan fan in Gryksk krús mei in hege binnenromte sûnder bearen.
Yn 1983 waard de tsjerke in nasjonaal monumint, in bekroaning fan it krewearjen fan dûmny M.J. Booyens.
Ynterieur
bewurkje seksjeSintraal yn de preektsjerke stiet de iken preekstoel, dy't ryklik fersierd is en neffens in ûntwerp fan C.H. Eckhart yn Rotterdam waard makke. Foar de preekstoel oer steane yn it middendiel stuollen, dêr't eartiids de froulju mei de bern sieten. Yn de sydearms steane heaks op de preekstoel de banken, dêr de manlju foarhinne harren plak hiene. Mear nei efter ta steane de banken heger. Fan ôf it begjin hie de tsjerke elektryske beljochting en de kroanluchters waarden yn 1897 troch de firma Delfos Bros ophongen. In lyts keunstwurk foarmet it krúsferwulft by de haadyngong. Fan Sytze Wierda is de houten slingertrep dy't nei de kreake liedt.
Presidint Kruger en syn frou Gezina Kruger wiene lidmaten fan de tsjerke en de twa stuollen yn neo-rococostyl út 1890 dêr't hja doedestiids tidens de tsjinsten op sieten hawwe in plak krige ûnder de preekstoel en binne aparte monuminten.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Sauer-oargel
-
Kroanluchter
-
Preekstoel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|