Sytze Wierda
Sytze Wopkes Wierda (De Himrik, 28 febrewaris 1839[1] - Seepunt (Kaapstêd), 10 desimber 1911) wie in arsjitekt dy't in wichtige rol spile yn de iepenbiere arsjitektuer fan Súd-Afrika yn de lette 19e iuw en iere 20e iuw.
Wierda is yn 1862 mei Hermina (Hermke) Kamp troud. Sy krigen fjouwer dochters. Neidat er yn kwalifisearre arsjitekt wurden wie, kaam er yn 1866 by de Nederlânske Spoarwegen yn tsjinst. Hy wie belutsen by it ûntwerp fan it Amsterdamsk Sintraal stasjon en in oantal oare gebouwen. Yn Nederlân hat er ek in grut tal tsjerken ûntwurpen. It is net hielendal dúdlik wêrom't er dizze baan opjoech en emigrearre.
Yn 1887 waard er oansteld as steatsyngenieur en arsjitekt fan de Súdafrikaanske Republyk nei't er dêr yn novimber 1887 oankaam wie. Hy ferfong Klaas van Rijsse dy't dy post tydlik ferfolde.
Wierda ûntwurp syn gebouwen yn de Frânske, Italiaanske en Flaamsk-Nederlânske Neo-Renêssânse styl dêr't doe in soad fraach nei wie.
Nei de Twadde Boere-oarloch begûn er mei C.F. Obermeyer in eigen praktyk. 'n Pear jier letter ferhuze er nei Kaapstêd. Sytze Wierda is yn 1911 yn it hûs fan syn skoansoan, C.J.G. van Hoogstraten, yn Seepunt (Kaapstêd) stoarn. It Wierdapark yn de stêd Centurion (foar 1994: Verwoerdburg) by Pretoria is nei Sytze Wierda ferneamd.
Literatuer
bewurkje seksje- H.M. Rex: Sytze Wopkes Wierda. "Gouvernements ingenieur en architect" en "Hoofd van publieke werken" van de Zuid-Afrikaansche Republiek. Pretoria, Stigting Simon van der Stel, 1980
- H.M. Rex: Die lewe en werk van Sytes Wopkes Wierda in Nederland met verwysing na sy betekenis vir die Zuid-Afrikaansche Republiek. Pretoria (Thesis), 1974
- F. Kooistra: 'Sietze Wopkes Wierda. Een Friese architect in Zuid-Afrika'. Yn: Fryslân 14 (2008), nr. 4, s. 21-24
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Wierda's grêf.
- WIERDA, Sytze Wopkes artefacts.com
- Sjoch foar syn wurk hjir
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sytze Wierda fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|