De grillen of grilken (Latynske namme: Calidris), ek wol bekend as de strânrinners, al is dat eins in hollanistyske ynterferinsje, foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes) en de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). Grillen binne steltrinners dy't yn it Artysk gebiet briede, mar yn súdliker oarden oerwinterje, wêrby't se grutte swaarmen foarmje oan 'e mûningen fan rivieren. Se binne lyts oant middelgrut, mei lange wjukken en relatyf koarte snabels mei gefoelige úteinen dêr't se proaidieren mei opspoare kinne dy't har yn 'e drek yngroeven hawwe.

Grillen
De mients (Calidris canutus).
De mients (Calidris canutus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
skift: wilstereftigen (Charadriiformes)
ûnderskift: snipfûgeleftigen (Scolopaci)
famylje: snipfûgels (Scolopacidae)
skaai: grillen (Calidris)
Merrem, 1804

De ûnderlinge besibskip fan 'e ferskate soarten dy't it grilleskaai foarmje, binne noch net alhiel ûnttize. Ferskate skaaien dy't earder as selsstannich beskôge waarden, wurde no yn 'e regel by de grillen ûnderbrocht, lykas dat fan 'e steltgril (Calidris himantopus), mar de nije yndieling is net folslein befredigjend. Sa is ûnderwilens útsteld om 'e trijeteangril (Calidris alba) yn in monotypysk skaai mei as namme Crocethia ûnder te bringen, wylst de krombekgril (Calidris ferruginea) it skaai Erolia foarmje kinne soe. Oan 'e oare kant wolle guon de hjoeddeistige, monotypyske (út ien soarte besteande) skaaien fan 'e brâninggrillen (Aphrizia), de breedbekgrillen (Limicola) en de leppelbekgrillen (Eurynorhynchus) krekt mei de grillen op ien bulte smite.

Yn 2004 die út genetysk ûndersyk bliken dat it grilleskaai nei alle gedachten yndie opspjalte wurde moat, mar der wie net genôch DNA-materiaal fan 'e seldsumer soarten as de krombekgril (Calidris ferruginea) beskikber om 'e relaasjes tusken de ûnderskate soarten persiis út te puzeljen. Boppedat is it bekend dat de ferskillende grillesoarten har yn oansjenlike mjitte mei-inoar fuortplantsje kinne, wat ûndersyk dat inkeld berêst op mitogondriaal DNA ûnbetrouber makket.

Om't de persize ûnderlinge besibskip fan 'e ferskillende soarten grillen noch net alhiel útiten is, is it hjirûnder beane skema ûnder foarbehâld. De mooglik selsstannige skaaien wurde hjir as ûnderskaaien werjûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.