Grimmestein is in 18e iuwske dwershûspleats by Baarn op in terp by it fiadukt fan de A1 oer de Iem.

Grimmestein (2010)
Kastiel Grimmestein

It is ien fan de pear T-pleatsen by Baarn. De T-pleats leit op it Zuidereind (lokaal: Suurend) oan in lange slingerjende dyk lâns de eastlike ouwer fan de Iem. Al yn de 13e iuw binne hjir hofsteën boud op lege terpkes by de rivierbêding. De pleatsen dy't der no steane binne de opfolgers hjirfan. Fan súd nei noard binne dat de Netelenburch, Wolkenberg, Grimmestein, Bloemberg en Zonne. De dyk by it Suurein wie ûnderdiel fan de Grebbeliny. No is it opnomd yn it 5 km lange Netelenburchpaad.

De namme Grimmestein ferwiist nei in ferdwûn kastiel Grimmestein dy't op de eastouwer fan de Iem stien hat. Om 1400 hinne waard Grimmestein foar it earst neamd. Op itselde plak sille grif earder huzen stien hawwe, want der binne potskerven en oare stikken diggelguod fûn út de 13e en 14e iuw. It eardere kastiel soe bewenne west hawwe troch it aadlike laach Nenninck. Om 1400 hinne wurdt in Retger Nenninc fan Grimmerstein neaemd. In Jacob Nenninck van Voorbroeck wie yn 1402 skout fan Amersfoart en yn 1412 maarskalk fan Iemlân en Amersfoart. Grimmestein soe identyk wêze kinne oan dat erve tot Voorbroeck metten steenhuyse inden gerechte van Eembrug. Op in tekening yn museum Museum Flehite yn Amersfoart stiet in stinseftich hûs mei in grêft der omhinne. It bestie út meardere gebouwen en hie oan beide siden fan de yngong in rûne toer. Archeologysk ûndersyk hat gjin útslútsel jûn oer de fraach of dit Grimmestein wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: