Puntpeal

(Trochferwiisd fan Grinspeal)

In Puntpeal is in grinspeal sa't dy bygelyks tusken Fryslân en Grinslân stiene. De bekendste puntpeal is Puntpeal 13 oan de Skieding noardeast fan Drachten. Op dit punt komme steatkundich de beide provinsjes by elkoar, mar ek (foar de gemeentlike weryndieling fan 1984) fjouwer gemeenten: Opsterlân, Smellingerlân, Gruttegast en Mearum. No binne dat noch trije gemeenten. Op de peal steane de twa provinsjewapens ôfbylde.

Puntpeal 13, Fryske kant

Yn de tiid fan de feanterij waard hjir in soad turf stutsen en súd fan de Lauwers wie de grins yn it sompige feanlân net goed te sjen. Yn 1619 kleiden de ynwenners fan Opende yn Grinslân dat de Friezen harren greppels oant yn Opende trochlutsen. Yn 1711 krige de Grinslanner lânmjitter Arnoldus Tideman (1667-1717/18) de opdracht om de sitewaasje yn kaart te bringen. Yn 1720 waarden de beide provinsjes it iens oer de grins en fjouwer jier letter waard dy grins yn it fjild útsetten. Doe blykten de wiken fanút de Drachtster feanen hûnderten meters troch te rinnen yn Grinslân. Dat dy ûntginningsgrûnen wienen de Friezen kwyt. Foar de dúdlikheid is yn 1874 in rige jitizeren grinspeallen setten. In soad puntpeallen steane der noch mar binne net yn sa'n goede kondysje. It buorskipke Puntpeal, grutter as ien of twa ûntginningspleatsen hat it nea west, krige syn namme troch dy yn de 19e iuw lutsen grinzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Histoarysk tiidskrift Fryslân fan it Frysk Genoatskip novimbernûmer 2010 (side8-9 )