Groenveld
Groenveld is in doarp yn de gemeente Skagen yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. It doarp tusken de doarpen Dirkshorn en Valkkoog. It doarp wurket op mêd fan ferienings en foarsjennings in soad gear mei de tichteby lizzende doarpen Dirkshorn en Stroet.
Groenveld | ||
Mûne fan Groenveld | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Skagen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 140 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 46' N, 4° 48' E | |
Offisjele webside | ||
https://www.groenveld-dorp.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Groenveld yn de eardere gemeente Harenkarspel |
Groenveld hat 140 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Geografy
bewurkje seksjeIt doarp Groenveld bestiet út fjouwer strjitten: De Groenveldsdijk, Sluiswegje, Valkkogerweg en Groenvelderweg. Groenveld leit 50 oant 100 sintimeter heger as it oanswettende lân dêromhinne. Dat komt troch de bewennings- en kultuerlagen dy't der troch de iuwen hinne stadichoan foar opheging soargen. De natuerlike boaiem bestiet benammen út lagen klaaiïch sân dy't yn it holoseen troch de see ôfset waarden.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1478 waard der al oer Groenvelt skreaun. Bestjoerlik hearde it plak by Sint Maarten. Groenveld leit midden tusken polders yn, lykas de Groenveld-, Westerend- en Ringpolder. De namme bestiet út feld ("iepen flakte/fjild") en groen (grien) bewoeksen mei grien gewaaks ta tsjinstelling fan boulân.
De measte huzen yn Groenveld waarden tusken 1900 en 1940 boud. Yn de 1970-er jierren kaam der noch in bytsje nijbou. It westlik part fan Groenveld is it âldst. Dêr binne de âldste huzen en lânskiplike ynrjochtings, lykas in âlde groeven sleat dêr't eartiids in lytse sês yn stie. De measte huzen dêre komme fan de 19e en iere 20e iuw.
Oant 1990 hearde Groenveld by de gemeente Sint Maarten, dy't doe by de gemeente Harenkarspel kaam. Yn 2013 waard dy gemeente mei Skagen en Zijpe gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Skagen.
Bedriuwigens
bewurkje seksjeGroenveld bestie fan oarsprong út lânbou, feehâlderij en ikkerbou allyk. De feehâlderij is ûnderwilens alhiel ferdwûn.It boulân bestiet út blombollen, ierdappels, woartels, koal, sûkerbiten en feefoer.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeMûne De Groenvelder is in om 1560 hinne boude poldermûne emi in ikenhouten achtkant. De mûne is in muonts en bemealt de polder Valkkoog, dy't yn 'e snuorje fan oprjochtsjen 497 hektare grut wie.
Galery
bewurkje seksje-
Koalferbouwen by Groenveld
-
Sicht op Groenveld
-
Strjitte yn Groenveld
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Groenveld fan Wikimedia Commons. |
Gemeente Skagen | ||
---|---|---|
Stêd: Skagen | ||
Doarpen: Burgerbrug • Callantsoog • Dirkshorn • Eenigenburg • Groenveld • Krabbendam • Oudesluis • Petten • 't Rijpje • Skagerbrêge • Schoorldam (foar in part) • Sint Maarten • Sint Maartensbrug • Sint Maartensvlotbrug • Sint Maartenszee • Stroet • Tjallewal • Tuitjenhorn • Valkkoog • Waarland • Warmenhuizen • 't Zand | ||
· · |