Grutte Fryske Wei

De Grutte Fryske Wei (Nederlânsk: Groote Friesche Weg) wie in part fan de wei fan Starum nei Coevorden.

Grutte Fryske Wei

Yn de tiid fan de Santjin Kêsten (11e iuw) wie it, krekt as de lânwei fan Aldenboarch nei Jever en dy fan Münster lâns de Iems nei Emden in wei mei ynternasjonale betsjutting. Oer de krekte lizzing fan dizze hannelswei ferskille de ynsichten. Nei de tiid fan de âlde Fryske wetten wurdt neat mear fan de wei fernomd. De wei soe 'over het Hoogh' rûn hawwe troch de Wâlden en dan oer Sint Nyk, Tsjerkgaast en Sleat nei Gaasterlân. De Wolvedyk by De Jouwer dy't hast 2 meter boppe it meanfjild leit, mei de Haulstersingel en it Boskpaad soene der part fan west haw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • S.J. Fockema Andreae - Geschiedenis van Friesland haadstik "Dijken of Wijken".
  • Marten Buis - Binnenpaden en Buitenbeentjes side 110-11
  • Carl Woebcken - It Beaken 1961