Grutte Priis Formule 1 fan Maleizje
De Grutte Priis Formule 1 fan Maleizje wie in wedstriid op de Formule 1-kalinder dy't foar de earste kear hâlden waard op 17 oktober yn 1999 op it Maleizyske Sepang International Circuit. De earste Grand Prix fan Maleizië waard wûn troch Eddie Irvine foar syn Ferrari-teamgenoat Michael Schumacher. Fan 2001 ôf ferhuze de Grutte Priis nei de maitiid.
Grutte Priis Formule 1 fan Maleizje | ||
Formule 1 | ||
Evenemint details | ||
lân | Maleizje | |
tal kear organisearre | 19x | |
tal sirkwys | 1 | |
sirkwys | Korean International Circuit | |
jierren | 1999-2017 | |
Skiednis | ||
earste edysje | 1999, 17 oktober 1999 | |
earste winner | Eddie Irvine | |
measte oerwiningen (koereur) | Sebastian Vettel (4x) | |
measte oerwiningen (konstrukteur) | Ferrari (7x) | |
lêste edysje | 2017, 1 oktober 2017 | |
lêste winner | Max Verstappen |
Op 22 jannewaris 2008 kaam de direkteur fan it sirkwy Mokhzani Mahathir mei it plan om fan 2009 ôf in nachtrace te hâlden op dit sirkwy. Troch de hege kosten is dit idee nea ta útfier brocht. Yn stee dêrfan waard besletten de wedstriid wat letter op de dei te hâlden. De temperatueren lizze dan leger, en Jeropeeske sjoggers koene de wedstriid live folgje op in foar harren gaadlik tiidstip. De lêste twa edysjes waarden wer yn de hjers organisearre.
Yn 2017 waard de lêste edysje fan de Grutte Priis hâlden. Neffens de Maleisyske oerheid wie de Grutte Priis net langer rendabel. Dizze lêste wedstriid waard wûn troch de Nederlânske koereur Max Verstappen. Alle grutte prizen waarden hâlden op it Sepang International Circuit. Der ha nea grutte ynsidinten west by dizze grutte priis.