Grutte Synagoge (Charkov)

De Grutte Synagoge (Oekraynsk: Хора́льна синаго́га, Russysk: ПХоральная синагога; joadske namme Beit Menachem) is in synagoge oan 'e Pûsjkinskoj 12 (Пушкинской, 12) yn Charkov yn Oekraïne. De synagoge waard yn 'e jierren 1909-1913 troch Valentin Avgûstovitsj Feldmann en Jakov G. Gеvirts boud.

Grutte Synagoge
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Charkov
plak Charkov
koördinaten 49° 59' N 36° 14' E
Arsjitektuer
arsjitekt Valentin A. Feldmann, Jakov G. Gеvirts.
boujier 1909-1913
Webside
Side Joadsk Charkov
Kaart
Grutte Synagoge (Oekraïne)
Grutte Synagoge

De bou fan 'e Grutte Synagoge fûn plak op in lokaasje, dêr't earder in grut ferfallen lânhûs stien hie. De joaden kochten dat lân oan en mochten dêr in nije synagoge bouwe, op betingst dat hja de synagoge noch wat fierder fan 'e strjitte ôf bouden, om't de regels yn dy tiid sa wiene dat de ôfstân fan 'e otterdokse Nikolaastsjerke teminsten 100 sazjen (likernôch 213 meter) bliuwe moast. De bou fan 'e synagoge koste 150.000 roebel, dat benammen troch rike joaden ophoaste waard.

 
Ynterieur.

Yn 1923 waard de synagoge sletten, saneamd op fersyk fan joadske arbeiders. It waard oerdroegen oan in joadske arbeidersferiening en sûnt 1941 waard der in teäter yn ûnderbrocht. Yn 1945 waard it gebou wer in synagoge, mar yn 1949 op 'e nij sletten en oan Spartak jûn, in sportorganisaasje, dy't it gebou oant de hjerst fan 1991 brûkte foar syn aktiviteiten.

De weromjefte fan 'e synagoge oan 'e joadske mienskip fan 'e stêd folge yn 1990. In rabby út Israel arrivearre, in bibleteek en in skoalle waard iepene en der fûnen kulturele evenminten plak. De synagoge waard renovearre en de sportakkomodaasjes ôfbrutsen om it wer in sintrum te meitsjen foar it joadendom yn Charkov. Nei in brân yn 1998 waard it gebou op 'e nij renovearre en iepene yn 2003. It restauraasjeprojekt waard troch de út Charkov ôfkomstige arsjitekt Vladimir Novgorodov útfierd.

De Grutte Synagoge is de grutste synagoge fan Oekraïne. De hichte fan 'e koepel is 42 meter en de lingte fan it gebou 50 meter. Meiïnoar beslacht de synagoge in oerflak fan 2.067 m². De hillige arke dêr't de boekrollen bewarre wurde is njoggen meter heech.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: