Grutte Synagoge (Düsseldorf)

De Grutte Synagoge oan 'e Kasernenstraße is in synagoge yn 'e Dútske stêd Düsseldorf, dy't yn 1903 neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Josef Kleesattel yn neoromaanske styl boud waard. De synagoge waard op 10 novimber 1938 yn 'e brân stutsen en op 29 novimber fan itselde jier ôfbrutsen.

Grutte Synagoge
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak Düsseldorf
adres Kasernenstraße
koördinaten 51° 13' N 6° 46' E
Oare gegevens
streaming liberaal
Arsjitektuer
boujier 1903-1904
sloopjier 1938
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
Kaart
Grutte Synagoge (Noardryn-Westfalen)
Grutte Synagoge
 
Tekening fan de synagoge (1903).

Lykas de rest fan 'e befolking fan Düsseldorf groeide yn 'e 19e iuw it tal leden fan 'e joadske gemeente. De Keulske arsjitekt Ludwig Paffendorf hie in ûntwerp makke mei in kombinaasje fan ierkristlike en byzantynske ynfloeden mei neoromaanske stylkenmerken. Der waard lykwols lang om let keazen foar in neoromaansk ûntwerp fan Jozef Kleesattel. De Grutte Synagoge fan 'e liberale gemeente waard op 6 septimber 1904 yn gebrûk nommen. It hie in oargel en bea plak oan 800 manlju en 500 froulju.

De lytse otterdokse gemeente dy't de nijbou fanwegen it oargel ôfkarde, stifte yn 1904 in eigen synagoge yn 'e Bilker Straße 37, letter oan 'e Poststraße op nûmer 4. De út East-Europa en nei Düsseldorf ferhûze joaden hiene op ferskillende plakken yn 'e stêd harren eigen gebedsromtes.

Fan 1907 oant 1912 wurke yn 'e Grutte Synagoge rabyn Leo Baeck (1873-1956), dy't yn dy tiid ien fan 'e wichtichste lieders fan it Dútske liberale joadedom wie.

Antysemitisme

bewurkje seksje
 
Antysemityske tekst op 'e synagoge (mooglik 1929).

Yn 'e nacht nei 11 augustus 1929 waard de Grutte Synagoge mei it opskrift Jud verrecke en in opkalke heakkekrús skeind. Yn 'e nacht fan 9 op 10 novimber 1938 folgen pogroms, werby't sân minsken fermoarde en in soad mishannele waarden. De yn 1933 beneamde en mei in joadinne troude presidint fan it Regierungsbezirk Düsseldorf, Carl Christian Schmid (1886-1955), waard doe twongen om ôf te treden. Earst waard it ynterieur troch SA-ers fernield en dêrnei waard it gebou yn 'e brân stutsen. De ruïne waard op 29 novimber 1938 ôfbrutsen. Ek oare synagoges yn 'e stêd waarden ferneatige. Op it plak fan 'e Grutte Synagoge stiet hjoed-de-dei it gebou fan 'e útjouwersgroep Handelsblatt.

Ta neitins oan 'e synagoge stiet tsjintwurdich in stien mei in ôfbyld fan it gebou op it plak, dêr't regelmjittich betinkingen organisearre wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Große Synagoge (Düsseldorf)