Gruytemastins
De Gruytemastins (of: Grutstins, Dekemastins) wie in stins oan de Merkstrjitte yn de binnenstêd fan Snits. Fan de stins is neat werom te finen. Wol binne muorrerêsten fan in bygebou werbrûkt by it gebou mei de erkereftige foargevel beëasten it stedhûs.
It gebou is setten yn 1396, grif as twangboarch, mooglik troch Albrecht fan Beieren (1336-1404). Dy Greve fan Hollân dy't him by de Fetkeapers oansluten hie, hie it monopoalje op bier yn de stêd Snits en hie de earste bewenner fan it pân, Aylof die Grutter, oansteld as kastlein fan it pân. Die Grutter wie opfallend genôch net fan aadlike komôf. It gebou waard ek brûkt as greeflik steunpunt. Opfallend is dat in gebou de folksopstân fan 1396 trochstien hat, eat dat bygelyks de Rodenburch net slagge. Nei alle gedachten hie de stins in merkantile funksje. It hiele terrein mei de stins wie omgrêfte.
Lettere bewenners wienen ûnder mear Age Harinxma en Sicco fan Dekema. Hjirtroch stie it gebou letter ek bekend as de Dekemastins. Nei in rjochtssaak, oanspand troch de Vroomheid tsjin de sloop, waard it gebou yn 1632 mei de grûn lyk makke. Yn 1610 woe Sicco fan Dekema de stins ôfbrekke, mar dit waard troch de froedskip ferbean "om redenen, dat het merkelijk tot ontsieringe des Stads zoude strekken". In oantal jierren letter krijt de famylje it dochs klear it gebou foar in gedielte ôf te brekken, nei in rjochtsaak foar it Hof fan Fryslân. It gebou bestie doe wyls út twa dielen: de "Grutstins" en de "Cleynstins". Allinnich de "Grutstins" waard doe ôfbrutsen, wylst de "Cleynstins" noch fan 1641 - 1761 as winterferbliuw fan de famylje Fan Burmania brûkt is. De famylje Burmania wenne yn de simmer op Epemastate yn it tichtbije Ysbrechtum. De lege kavel waard ferkocht oan Gualtherus Gualtheri. Hy liet dêr, neist syn Cleynstins, in útwreiding fan dizze pânen sette.
Bewenners
bewurkje seksje- 1398 Aylof die Gruter
- famylje Harinxma
- famylje Dekama
- ± 1610 Sicco fan Dekama
- 1641 Sjuck fan Burmania
- Duco Martena fan Burmania
- Sjuck Gerrold Juckema fan Burmania
- - 1761 Sjuck Gerrold Juckema fan Burmania Rengers
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|