Merkstrjitte (Snits)
strjitte yn Snits
De Merkstrjitte is in wei yn de binnenstêd fan Snits.
De wei is neamd nei de merk dy't eartiids op 'e strjitte wie. Oan de Merkstrjitte stiet it Stedhûs fan Snits. Oare bysûndere gebouwen oan de strjitte binne ûndermear de Waltastins, Wijnberg en it eardere gemeentehûs fan Wymbritseradiel. Eartiids stie hjir ek de Waach, dy waard yn 1945 troch de Dútske besetter yn de brân stutsen. Earder hie yn 1925 al in brân west yn de strjitte wêrtroch't in soad gebouwen skea oprûnen.
Njonken it stêdhûs stie oant 1633 de Gruytemastins. De bysûndere breedte fan de strjitte komt troch it dimpen fan in sleat. Dizze sleat rûn in de 15e iuw tusken de Himdyk en de wenningen oan de súdkant fan de Merkstrjitte.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Plak fan útjefte: Snits. |