Waltastins (Snits)
De Waltastins is in stins yn de binnenstêd fan de stêd Snits, tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt foar ferkate gearkomsten.
De stins stiet oan de Merkstrjitte en is hjoed-de-dei part fan it stedhûs. It gebou is yn 1540 boud en waard brûkt as winterresidinsje fan it laach Walta út Boazum. Yn 1547 is it kompleks fergrutte.
It kompleks bestie út in gebou mei twa ferdjippings. Foar it gebou lei in foarplein dat mei in muorre en stek ôfskieden wie fan de Merkstrjitte. Op de binnenhoeke fan it L-foarmige gebou stie in treptoer mei sipelfoarmich dak. Oan de efterside is de Rennenbergkeamer en de túnkeamer mei kelder. De túnkeamer wie bedoeld as ferbliuwslokaasje fan George fan Lalaing, greve fan Rennenberg en steedhâlder fan Fryslân, as hy de stêd besocht.
It gebou is yn de 17e iuw opnomd as ûnderdiel fan it stêdhûs fan Snits. De boppekeamer waard brûkt as fergaderromte fan de skutterij en as rjochtbank fan Wymbritseradiel. Yn 1856 is der in grutte ferbouwing wêrtroch't de stins út it stedsbyld ferdwûn. Benammen de foargevel waard oanpast en stie sûnttiids rjocht oan de Merkstrjitte, de âlde gevel waard in binnenmuorre.
Yn 2005 is it gebou renovearre en waard de âlde L-foarm wer sichtber makke. It âld foarplein is no in binnenplein wurden en op it plak fan de treptoer stiet no in draaitreppen. De iepen romte is ynrjochte as museumseal en lit de skiednis fan Snits en de Waltastins sjen. De Waltastins wurdt brûkt as romte foar gearkomsten en as stimburo.
Ut Sneeker Muurke
bewurkje seksjeOp 20 maaie 2008 is Ut Sneker Muurke ûntbleate. Oan ien fan de muorren op it plein yn de Waltastins hinget in oersjoch fan de rike, resinte skiednis fan Snits. De gemeente hat in oprop dien om taastbare oantinkens oan de tweintichste iuw yn te leverjen. Fan al dizze foarwerpen is in Sneker Wall of Fame, ofwol Ut Sneeker Muurke makke. Hjir is ek in list fan Wetterpoarters (eareboargers, en winners fan de Wetterpoartespjelde ) te finen. Yn augustus 2011 is it muorke ûntmantele nei de gemeentlike weryndieling, it muorke mei Snitsers wie net langer passend yn it gemeentehûs fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân neffens boargemaster Apotheker.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|