Skiednis fan Snits

De skiednis fan Snits begûn mei it prehistoaryske bewenjen fan 'e krite dêr't letter de stêd te lizzen komme soe. Yn 'e iere histoaryske perioade late dat bewenjen ta it stiftsjen fan in feandoarpke, dat letter útwaakse soe ta Snits. De stêd ûntjoech him yn 'e Midsiuwen ta in wichtige hannelsdelsetting, al is net wis wannear't dy formeel stedsrjochten krige. De skiednis dêrfan rint fan de trettjinde oant de sechstjinde iuw. Ek yn 'e Renêssânse en de Moderne Tiid groeide de stêd troch, wat fral nei 1900 grutte útwreiding fan 'e beboude kom as gefolch hie. Nei't it sûnt it ynfieren fan de gemeentewet in selsstannige gemeente west hie, gie Snits yn 2011 op yn 'e nije gemeente Súdwest-Fryslân, dêr't it plak de haadstêd fan waard.

Snits op 'e kaart fan Willem en Joan Blaeu, út 1652.

De oarsprong fan 'e hjoeddeiske stêd Snits leit yn in feangebiet dat al yn de Romeinske Tiid bewenne waard. De terpen dy't om it begjin fan 'e jiertelling hinne opsmiten wiene, waarden oant likernôch de trêde iuw bewenne, mar dêrnei soe de krite ûntfolke rekke wêze. Wêrom't dat barde, is lykwols net wis. Yn 'e achtste iuw rekke it lân lykwols wer bewenne, ûnder mear by Tinga (tsjintwurdich in wyk fan Snits). Ein njoggende iuw waard der op in ophege wâl of Pleistosene sânopheging oan it feanrivierke It Ges in delsetting stifte dy't letter útwaakse ta de hjoeddeiske stêd.

Untstean as hannelsdelsetting

bewurkje seksje

Begjin fan de tsiende iuw waard begûn mei it ûntginnen fan 'e feangebieten besuden de delsetting, wat ekonomysk ta goede tiden foar de bewenners fan it doarpke late. Op de sânopheging waard om it jier 1000 hinne in houten tsjerkje boud (de foarrinder fan de Grutte Tsjerke). Letter waarden mear huzen set by de rin fan it rivierke lâns (tsjintwurdich de Galigastrjitte en de Alde Komerk). De delsetting soe om dyselde snuorje hinne de namme "Ter Snake" krigen hawwe, wat "lizzend op in lântonge" betsjut. Oannaam wurdt dat dêr út de Nederlânske namme Sneek en de Fryske namme Snits fuortkomd binne, mar bewiis is der net fan.

Yn 'e trettjinde iuw waarden ferskate fearten en grêften yn 'e omkriten fan Snits mei-inoar ferbûn. Sa kaam it plak oan in trochgeande farrûte te lizzen, dy't fan Starum en Boalsert oant Ljouwert en Dokkum ta rûn. Under dy fearten wiene bgl. de Geau en de Snitser Aldfeart, dy't beide noch altiten befarber binne. De Aldfeart waard eartiids lykwols fan Magna Fossa ("Grutte Grêft") neamd.

 
Epemastate, yn Ysbrechtum.

De ûnderling yn ferbining steande wetterwegen wiene net inkeld ûnmisber foar transport – yn in tiid dat de (ûnferhurde) wegen in grut diel fan it jier foar frachtferfier ûnbegeanber wiene – mar se tsjinnen ek om it oerstallige wetter ôf te fieren. It tichtslykjen fan 'e Middelsee en de oanhâldende feanûntginning makken sa'n ôffiersysteem needsaaklik. Letter waarden ek diken opsmiten om it wetter út 'e feangebieten tsjin te kearen. Ien dêrfan is de Himdyk (tsjintwurdich de namme fan in wenwyk), dy't yn it begjin fan de trettjinde iuw beboud en bewenne rekke. Letter waarden dêr ek ferskate stinzen en binnenstêdskastielen boud foar de pleatslike adel en haadlingen. In foarbyld dêrfan is it noch besteande Epemastate, by Ysbrechtum.

Foar ûntwettering fan it mêd tusken Snits en de Middelsee yn waarden letter slûzen oanlein. De Neltsjessyl yn Snits, dy't útwettere op it earder groeven Grutsân, wie dêr in foarbyld fan. Fanwegen de slûs moast fracht op dat plak oerslein wurde, en fan gefolgen ûntstie in libbene haven, dêr't folop hannel dreaun waard. Sa ûntjoech Snits him yn sterke mjitte ta in hannelsdelsetting, dy't generaal stedsrjochten hie. Alteast, sa waard it al as sein yn in dokumint út 1294, om it even of it formeel dy status hie. Meitiid krige de stêd sa'n sterke posysje dat de Snitsers tol heffe koene op 'e trochfeart fan 'e Magna Fossa. Ek waarden regels en wetjouwing op it mêd fan hannel fêstlein. Mûglik twongen de haadlingen fan Snits, faak mei geweld of mei driging fan geweld, de omlizzende doarpen ek om harren hannel yn Snits te merk te bringen. De meast foaroansteande haadlingen út dy perioade kamen meastentiids út 'e lagen Bockema, Harinxma en Donia.

Om 1230 begûn yn Fryslân it tiidrek fan 'e saneamde "goddeleaze partijskippen", oftewol de boargeroarloch tusken Skier en Fet, dy't mear as 250 jier duorre. Yn 't earstoan hearde Snits ta it Fetkeaperske kamp, mar yn 1427 waard it de haadstêd fan 'e Skieringers. Yn 1295 wie der in grutte brân yn 'e jonge stêd Snits. Mar twa gebouwen yn 'e omkriten fan 'e Merkstrjitte kamen der ûnskansearre ôf. De brân trof ek it Alde Hospitaalkleaster, dêr't it hiele gebou yn flammen opgie en fjouwer nonnen de dea fûnen.

 
Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier.

Stedsrjochten, oarloch en oanhâldende groei

bewurkje seksje

Yn 1417 wie der op 'e nij in stedsbrân yn Snits. Yn 1427 waard de Waach fan Snits boud. Yn 1430 waard úteinset mei it bestrjitsjen fan iepenbiere wegen yn 'e stêd. De stêd wreide him geduerich út en der waarden almar wer nije ringen mei huzen en grêften boud om 'e opheging yn 'e midden fan 'e stêd hinne. Yn 1456 waarden de Snitser stedsrjochten einlings en te'n lêsten formeel fêstlein, al hie Snits doe al oardel iuw de facto as stêd fungearre. Yn 1462 kamen de Krúsbruorren oan yn Snits, in mûntse-oarder dy't yn 1464 it kleaster Jeruzalem stiften. Yn 1463 waard ek it Griendykkleaster stifte. De Heecheinder Piip yn Snits waard yn 1492 boud, dy't letter útwreide waard ta de ferneamde Wetterpoarte. Yn 1498 waard de Martinitsjerke flink fergrutte. De namme fan 'e tsjerke ferwiist nei Sint Marten, de beskermhillige of skutspatroan fan Snits.

Underwilens wie yn 1492 de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers wer oplôge troch it ferbrekken fan it fredesakkoart troch de Ljouwerter meente, mei as gefolch dat Ljouwert yn 'e hannen fan 'e Fetkeapers kaam. Tseard Mockema, de haadling fan Dokkum, socht help by Bocka Harinxma en de oare haadlingen fan Snits. Dy giene op syn oprop yn, en in legerke Snitsers en Sleatemers teach op tsjin Ljouwert. De Ljouwerters, dy't help krigen fan 'e stêd Grins, kamen har lykwols by Barrahûs, ûnder Wurdum, oer it mad. Yn dy Slach by Barrahûs litten de Snitsers in tepletterjende nederlaach. It resultaat wie dat se har neitiid, op 14 oktober 1492, yn in fredesakkoart skikke moasten dat har oplein waard troch de Fetkeapers. Snits waard doe in hoart beset holden troch de Fetkeapers.

Mei it Ferdrach fan Snits, fan 30 april 1498, erkende Westergoa it gesach fan 'e usurpator Albrecht fan Saksen. Dêrmei kaam der yn dat gebiet, dêr't Snits ek ta hearde, in ein oan 'e Fryske frijheid en begûn de Saksentiid yn Fryslân. Snits waard yn augustus 1498 op oanstean fan Wilwolt fan Schaumberch de nije Saksyske haadstêd fan it hiele gewest Fryslân. Ljouwert wie op dat stuit noch yn 'e hannen fan 'e Fetkeapers en soe pas by it Belis fan Ljouwert, fan septimber oant oktober 1498, ûnderhearrich makke wurde oan it Saksyske bewâld. Yn maart 1500 rekke Snits syn status as haadstêd fan Fryslân alwer kwyt en waard Ljouwert as sadanich oanwiisd.

It earste fearn fan 'e sechstjinde iuw wie in roerige tiid yn Fryslân. De Saksers en harren oanhingers fochten om har macht oer Fryslân te behâlden, mar rêden dat net op en moasten úteinlik belies jaan. Se ferkochten har rjochten oan 'e Habsburger Karel V, dy't ûnder mear greve fan Hollân, Seelân en Flaanderen en hartoch fan Brabân en Limburch wie. Dyselde moast it om 'e macht oer it gewest lykwols opnimme tsjin 'e formidabele Karel fan Gelre. Dat late ta in nije boargeroarloch en ferskate Frysk-Hollânske oarloggen, dêr't guon Friezen Karel V by stipen, wylst de âlde frijheidspartij it mei de hartoch fan Gelre hold, mar úteinlik bedragen útkaam. Yn dy ûnlijige tiid libbe ek Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier. Dat wie in boer út Kimswert, dy't yn 'e striid behelle rekke. Guon sjogge syn hanneljen as dat fan in seerôver dy't de Sudersee ôfskomme, wylst oaren him sjen as in frijheistriider. Troch syn fûleindich ferset tsjin 'e Hollanners en de Saksers groeide er út ta folksheld. Hy kearde him úteinlik ôf fan it gefjochtslibben, stoar yn 1520 en leit begroeven yn 'e Grutte- of Martinitsjerke fan Snits. Yn 1525 joech Snits him del ûnder Habsburchsk bewâld.

 
De Wetterpoarte, it symboal fan Snits.

Renêssânse

bewurkje seksje

Om 1530 waard begûn mei de bou fan stedswâlen, mar dy hawwe militêr net folle betsjutting hân. Se wiene ornearre om Snits te beskermjen, mar ta in belis is it neitiid nea wer kommen. De wenten yn 'e sêd waarden yn dyseldichste tiid fergnisse mei tige sierlike ynterieurs en pronkgevels. Ek waard oan 'e Merkstrjitte it eptige stedhûs boud. Meidat nije stedsdielen binnen de wâlen lein waarden, krige Snits yn dy tiid syn karakteristike hertfoarmige binnenstêd.

Nei in heale iuw fan rêst briek healwei de 1570-er jierren yn Fryslân nije rebûlje út, dy't te krijen hie mei de Reformaasje en it groeiende ferset tsjin 'e Spaanske lânshear, kening Filips II, de soan fan Karel V. Yn 1567, doe't de Byldestoarm in spoar fan fernieling yn tsjerken troch de hiele Lege Lannen loek, lôge ek yn Snits it religieuze fjoer op. In grut part fan sawol it yn- as it eksterieur fan 'e tsjerken waard mei ôfweefd. Yn 1570 rjochte de Alderheljenfloed ek in protte skea oan, mar fan in hiel oar soarte; men koe doe fan 'e Lemmer dwers oer it lân nei Snits ta sile. Yn 1582 swarde Snits mei de rest fan Fryslân Filips II as kening ôf en stelde de stêd him efter de Uny fan Utert op.

De hannel yn Snits gie it lykwols ek yn dizze ûnlijige tiden foar de wyn. Benammen de bûterhannel groeide; de bûtermerk yn Snits wie yn dy dagen de grutste fan 'e Nederlannen. De merk sels waard lettere yn 1917 sletten, wêrnei't de hannel plakfûn fanút de bûterfabriken fan 'e stêd. De bûter- en suvelyndustry fan Snits wie rjochte op 'e omlizzende krite. Oare foarbylden fan 'e regionale funksje fan 'e stêd wiene alle touslaggerijen (wêrûnder Lankhorst) drukkerijen, fervefabriken, (bou-)masinefabriken en de skipsbou. Ek wiene der sûnt de fyftjinde iuw in protte (likernôch 200) sulversmidderijen yn 'e stêd, dy't harren negoasje slieten oan 'e adel, grutboeren en begoedige boargers.

Net allinnich de stêd sels waard doedestiden noch altiten útwreide, mar ek de fearten yn 'e omkriten waarden oanpakt. Snits wie nei de oanlis fan De Swette (of Ljouwerter Trekfeart) yn 1661 fanút seis farrjochtingen berikber. Yn 1693 krige de stêd foar it earst strjitferljochting.

 
It Eksersysjegenoatskip fan Snits yn 1786.

De Frânske Tiid

bewurkje seksje

Yn 'e Patriottetiid krigen ûntefreden boargers yn Snits en oare stêden in posysje fan kwizekwânsje yn 'e froedskip, doe waard ek it saneamde Eksersysjegenoatskip fan Snits oprjochte, in soarte fan skutterij. Dêrmei kaam de posysje fan steedhâlder Willem V yn 'e knipe, dy't earder hast alle beneamings behearske. Doe't it yn septimber 1786 de eksersysjegenoatskippen ferbean waard om ûnderling te oerlizzen, eskalearren de swierrichheden. Der ûntstie benei in situaasje fan in boargeroarloch, en de steedhâlder loek him werom yn Nimwegen. Mei help fan it leger fan syn sweager, kening Freark Willem II fan Prusen, koed er de macht úteinlik weromwinne. Doe waarden ek yn Snits alle feroarings ûngedien makke.

By de Bataafske Revolúsje, yn 1795, kaam de hiele Republyk fan de Feriene Provinsjes ûnder Frânsk bestjoer te stean, en mei Snits wie dat net oars. Yn dy snuorje waard ûnder it bewâld fan 'e Frânske keizer Napoleon yn 1811 de Rjochtbank fan Snits stifte. Ein achttjinde iuw wie in bekend moadeferskynsel yn 'e stêd it oanbringen fan klassisistysk oandwaande gevels. Dy trend wie oerwaaid út Amsterdam, dêr't in soad grêftepannen sokke fersierings ek hiene.

Op 16 oktober 1813 wie it feest yn Snits, doe't de befrijing fan 'e Frânske oerhearsking fierd waard. Yn 1814 kamen de Snitsers dy't twongen wiene om yn it Frânske leger te tsjinjen en dy't dat oerlibbe hiene, lykas Jacob Sjoukes Visser, nei hûs werom. Ta gelegenheid fan dat heuchlike momint waarden der sylwedstriden holden op 'e Snitser Mar. Dat wie it oanbegjin fan wat letter de Hurdsyldei wurde soe en him noch letter ta de Snitswike ûntjaan soe. Op 15 novimber 1815 waard op foarspraak fan 'e Snitser notabelen besletten ta de oprjochting fan in nije skutterij. Dy moast de rêst en oarder yn 'e stêd behoedzje en krige de beskikking oer wapens fan it âlde eksersysjegenoatskip. De Nasjonale Garde holp by de oprjochting fan dizze nije organisaasje.

De njoggentjinde iuw

bewurkje seksje

Op 2 july 1818 brocht de nije kening Willem I tegearre mei syn soan prins Freark in besyk oan Snits. Ta eare fan 'e hege gasten waarden yn 'e stêd ferskate earepoarten oprjochte, ûnder mear op 'e Easterdyk. De stêd waard fierder fersierd mei alderlei grien en Nederlânske flaggen en oranje wimpels. De sylwedstriden fan 1814 wiene oant dy tiid alle jierren holden ta eare fan 'e jierdei fan 'e kening.

De Stoarmfloed fan 1825 hie ek foar Snits gefolgen. Om 5 febrewaris hinne moasten yn dat jier de leger leine stikken fan 'e stêd evakuëearre wurde. In dei letter koene de bewenners wer nei hûs, mar in soad fee wie ferdronken. It duorre oant april ear't de greiden om 'e stêd hinne wer begeanber wiene.

Yn 1840 waarden de earste ferhurde wegen yn Fryslân oanlein, mei as gefolch dat it ferfier oer de wei groeide. De Ljouwerterdyk (1842), de Lemmerwei (1843) en de Boalserterwei (1844) binne foarbylden fan sokke ferhurde wegen yn 'e omkriten fan Snits, dy't noch altyd yn gebrûk binne. Yn 1883 kaam de oanlis fan it spoar tusken Snits en Ljouwert ree. Ut dizze tiid stammet ek it Snitser stasjon en de omlizzende Stasjonsbuert. Dy wyk moast it grand entree yn 'e rjochting fan it sintrum wurde. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waarden de steamskippen sa grut dat de stedswâlen ôfbrutsen wurde moasten om romte te meitsjen foar grutte oanliskaaien as de Prins Hendrikkaai, de Harinxmakaai en de Rienck Bockemakaai.

De nije ynfrastruktuer wie ek gjin oerstallige lúkse, want de groei fan Snits sette ek yn 'e njoggentjinde iuw fierder. Om 'e midden fan 'e iuw hinne wie it gebiet binnen de wâlen sadwaande folboud. It stedsbestjoer joech yn 1860, yn ferbân mei oerbefolking en de dêrtroch ûntstiene abominabele wenomstannichheden, opdracht ta útwreiding fan 'e stêd bûten de stedswâlen. Wenten út dy tiid binne noch werom te finen yn 'e hjoeddeiske wiken Ljouwerterdyk en Noardeasthoek, mar ek dy huzen wiene net bot komfortabel.

Yn dyseldichste tiid loek yn Snits de tekstylhannel oan. Dútske omreizgjende keaplju keazen de stêd as harren fêstigingsplak, lykas dat it gefal wie mei Clemens en August Brenninkmeijer, dy't der in winkel fêstigen. Ek it roomske Sint-Antonius Sikehûs waard yn dy snuorje stifte, wat Snits fan grutte medyske betsjutting foar de wide omkriten makke. Ta gelegenheid fan 'e ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina waard yn 1898 it Wilhelminapark oanlein.

De earste helte fan 'e tweintichste iuw

bewurkje seksje
Jier Ynwennertal
1900 12.000
1950 19.500
2000 32.100
2007 33.200
 
De Tonnema-fabriken.

Mei it oanbrekken fan 'e tweintichste iuw kaam doetiidsk gemeentearsjitekt Jan de Kok mei in foarútstribjend plan foar de trochgroeiende stêd. Dat omfieme û.m. de oanlis fan 'e wenwiken Beammebuert, Himdyk, Noarderhoek en Noardeasthoek. Om 1910 hinne waard de earste jachthaven iepene en koart dêrnei soe oan 'e Snitser Mar in paviljoen ferrize. It wiene de foarrinders fan 'e ûnbidige groei dy't de wettersport letter yn 'e stêd trochmeitsje soe. Yn 1935 soe yn it ferlingde dêrfan de earste Snitswike organisearre wurde.

Yn 1902 waard yn Snits de Fenoatskip Tonnema oprjochte, dy't him talei op it meitjen fan sûkerwurk. Snobbersguod fan dit fabryk, mei de merknammen RANG en KING, soe ynternasjonale bekendheid krije. Yn 1923 waard in oar bekend Snitser bedriuw stifte: Poiesz Supermerken, al krige it dy namme fansels pas folle letter, mei't yn 'e tweintiger jierren noch nimmen fan in supermerk heard hie.

De binnenstêd fan Snits waard yn 1925 troffen troch in grutte stedsbrân, wêrby't in soad histoaryske gebouwen skansearre rekken. Op 27 july fan dat jier waard it restaurearre stedhûs fan Snits yn gebrûk nomd. Keninginne Wilhelmina en prins Hindrik brochten ta gelegenheid fan "1525-1925, 400 Jier Frije Keapstêd Snits" mei harren dochter, prinsesse Juliana in besyk oan 'e stêd. Earder hie de keninginne dat ek alris dien yn 1892 en 1913.

 
De Betinkingsbeam yn 'e Beammebuert.

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch kaam Snits nei de Dútske ynfal yn Nederlân ûnder it bewâld fan 'e besetter. De oarloch begûn yn Snits op 10 maaie 1940, doe't Dútske fleantugen oerfleagen. Letter moasten in stikmannich manlju út 'e stêd foar twangarbeid nei Dútslân ta. De Dútsers fierden al gau ferskillende maatregels yn, û.m. oangeande de distribúsje fan libbensmiddels, en teffens waard der in jûnsklok ynsteld.

Hitler joech op 29 april 1943 it befel dat alle (eardere) Nederlânske militêren op 'e nij yn kriichsfinzenskip moasten, as gefolch wêrfan't de april-maaiestaking útbriek. Yn Fryslân stiet dy staking bekend as de Melkstaking, wêrby't de boeren harren molke fergees weijoegen oan 'e boargers. Hoewol't de oanhing fan it ferset yn Snits en Fryslân dêrtroch oanwûn, waarden de dwerslizzers hurd straft. Ien fan de aktyfste fersetskloften yn Snits wie de Groep Lever, dêr't ek Willem Santema diel fan útmakke.

Op 9 septimber 1943 foarderen de besetters it karyljon fan 'e Grutte of Martinytsjerke op. It koper wie nedich foar de Dútske oarlochsyndustry. Ek it stek fan 'e joadske synagoge waard foar dat doel sloopt. De Joadske mienskip fan Snits wie doe al flechte, ûnderdûkt of nei de ferneatigingskampen Auschwitz en Sobibor deportearre. Mear as de helte fan 'e 55 Snitser joaden oerlibbe de oarloch, wat in heech persintaazje is yn ferliking mei de sitewaasje foar Nederlân as gehiel (likernôch in fjirdepart). Nei de oarloch ferhuzen de oerlibjende Joaden lykwols allegear nei Hollân of emigrearren nei Israel. Sa ferdwûn de Joadske mienskip út Snits.

De Dútsers holden op 21 maaie 1944 in razzia op Sportpark Ljouwerterdyk. Dêrby waarden manlju ronsele dy't letter yn Dútslân tewurksteld wurde soene. Ek op 28 oktober, 3 novimber en 15 desimber fan dat jier waarden yn Snits razzia's holden. By de razzia fan 3 novimber waard de pleatslike synagoge fernield. It bekendste oarlochsmonumint yn 'e stêd Snits is dat foar de Snitser Bloednacht fan 13 op 14 july 1944. Dy nachts waarden fjouwer Snitsers eksekutearre as ferjilding foar de ûntfiering fan en moard op in lid fan it Nationalsozialistisches Kraftfahrkorps. By oerfallen op it plysjeburo fan Snits waarden op 11 febrewaris en 7 maart 1945 yn totaal 28 fersetsstriders befrijd. By dy foarfallen spile de resjersjeur Dick J. Brouwer in grutte rol.

Op 8 april 1945 melde Radio Oranje dat de befrijing tichteby wie, en dêrop setten de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften útein mei de aktive tsjinwurking fan 'e besetter. Foar it meastepart omfieme harren wurk sabotaazje-aksjes, wêrby't û.m. de ynfrastruktuer ûnklear makke waard. Sa waard yn Snits bgl. de Waach yn 'e brân stutsen. Op 13 april 1945 berikten de Kanadezen Fryslân en begûnen de Alliëarden oan een flugge opmars troch de provinsje. Snits waard op 15 april 1945 befrijd. De earste Alliëarde troepen dy't de stêd ynteagen, wiene Kanadezen fan it Rezjimint De la Chaudière. Snits waard troch door de Kanadezen omdoopt ta Stratford (Hometown). Letter soe it Rezjimint Perth yn 'e stêd legere wurde. As oantinken oan 'e oarloch binne yn Snits ferskate oarlochsmonuminten oprjochte, wêrûnder de Befrijiingsbeam en it Oarlochsmonumint.

Pieter Sjoerds Gerbrandy

bewurkje seksje
 
Pieter Sjoerds Gerbrandy (1885-1961).

Yn 'e Twadde wrâldoarloch wie de út Loaiïngea, fuort boppe Snits, ôfkomstige Pieter Sjoerds Gerbrandy minister-presidint fan Nederlân. Hy flechte op 13 maaie 1940 mei de rest fan it kabinet it regear nei Londen ta doe't er noch minister wie, en waard yn septimber fan dat jier troch keninginne Wilhelmina eigenhandich ta premier beneamd yn 'e saneamde Londenske kabinetten. Ut Londen wei ynspireare er mei karakteristike stimlûd yn 'e útstjoerings fan Radio Oranje it ferset yn Nederlân.

Snits sûnt de Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Keninklike besiken

bewurkje seksje

Fuort nei de oarloch brocht kroanprinsesse Juliana mei har man prins Bernhard en de prinsessen Beatrix, Irene en Margriet in besyk oan Snits. Yn 1993 soe Snits op 'e nij it toaniel fan in keninklik besyk wurde, doe't keninginne Beatrix mei har famylje keninginnedei yn 'e binnenstêd fierde.

Nije útwreiding

bewurkje seksje

Nei de oarloch siet de stêd noch altiten yn 'e groei, wat ynwennertal oanbelange. It plan fan Jan de Kok waard, ûnder lieding fan 'e populêre boargemaster Ludolf Rasterhoff, wer út 'e kast helle en de wiken It Eilân en Lemmerwei-West waarden doe oanlein. Yn 'e jierren fyftich en sechstich kocht de gemeente ferskate pleatsen om 'e stêd hinne oan, om noch fierder groeie te kinnen. Letter die bliken dat ek dy útwreidings de stream fan minsken net oankoe dy't fan it plattelân nei de stêd ta ferfearen. Yn alle rjochtings wreide Snits him doe út, û.m. mei yndustryterreinen Houkesleat en De Himmen. Letter soene noch ferskate wenwiken folgje, wêrûnder it Swetteplan.

De wyk Ljouwerterdyk waard yn de jierren santich útwreide mei in bungalowwyk en mei de buert De Domp. Yn 1978 waard, as antwurd op it tanommen autoferkear, de Rykswei 7 oanlein. Letter soe Snits in folslein om 'e stêd hinne lizzende ringwei krije. Der folgen neitiid noch mear nijbouwiken, wêrûnder Pasveer en De Lotten. In oantal fan dy wiken leit bûten de oanleine ringwei. It yndustryterrein It Ges, folslein taspitst op 'e wettersport, waard ein jierren njoggentich iepene. Yn 2011 waard begûn mei de oanlis fan nijbouwyk Harinxmalân.

Sûnt 10 septimber 1970 is de Japanske stêd Kurobe de partnerstêd fan Snits. De doetiidske boargemaster Ludolf Rasterhoff, brocht op dat stuit in besyk oan Kurobe en waard ta eareboarger beneamd. Boargemaster Hatsuo Terade fan Kurobe brocht yn 1972 in tsjinbesyk oan Snits. Yn 2000 besochten delegaasjes fan beide kanten inoars stêd opnij. De Japanners ûntbleaten yn Snits in keunstwurk, The Barbarian; de Snitsers waarden ferblide mei de iepening fan in Snitsplein yn Kurobe.

Gemeentlike weryndielings

bewurkje seksje

Yn 1984 waard yn Fryslân in gemeentlike weryndieling trochfierd wêrby't de gemeente Snits ek de doarpen Loaiïngea, Offingawier en Ysbrechtum ûnder syn bewâld krige. By in nije gemeentlike weryndieling waard de gemeente Snits per 1 jannewaris 2011 gearfoege mei de gemeenten Wûnseradiel, Boalsert, Nijefurd en Wymbritseradiel. De nijfoarme gemeente kaam Súdwest-Fryslân te hjitten en Snits waard der it haadplak fan.

Oare resinte foarfallen

bewurkje seksje

Op 27 jannewaris 2004 wie der fannijs in grutte brân yn 'e Snitser binnenstêd, wêrby't tolve histoaryske winkelpannen grutte skea oprûnen. De Kolk en de binnenstêd fan Snits wiene yn 2005 de lokaasje fan 'e Nasjonale Yntocht fan Sinteklaas.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Productions), ISBN 978-9 00 17 79 047.
  • ――, Geschiedenis in Straatnamen, Snits, 1978 (Gemeentebestuur Sneek).
  • Halbertsma, Herre, Het Stadhuis te Sneek en Zijn Historie, 1959.
  • Halbertsma, Herre, Uit de Oudste Historie van Sneek, 1981.
  • Jansma, Klaas, Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981 (Friesch Dagblad), ISBN 9 06 48 00 154.
  • ――, Sneek, Amersfoart, 2008 (Gemeente Snits/Provinsje Fryslân/Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten).
  • Vries, Oebele, Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid, Leeuwarden, 1986 (De Tille/Fryske Akademy), ISBN 9 06 55 30 665, s. 104-107.