Kurobe
Kurobe (黒部市; Kurobe-shi) is in Japanske stêd yn de prefektuer Toyama, yn it noardwesten fan Honsjû, oan de Japanske See. Op 1 april 2008 hie Kurobe 42.505 ynwenners.
Kurobe 黒部市, Kurobe-shi | ||
Spoarbrêge oer kleau ûnder Kurobe | ||
Bestjoer | ||
Lân | Japan | |
Regio | Chubu | |
Prefektuer | Toyama | |
Boargemaster | Yasuo Horiuchi | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 41.783 (2011) | |
Oerflak | 426,34 km² | |
Befolkingsticht. | 98 / km² | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Stifting | 1954 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
(in) Offisjele webside fan Kurobe |
De namme komt fan de rivier Kurobe, dy't ûntspringt op de berch Ushiro Tateyama (3000 meter) yn de Japanske Alpen. Letterlik betsjut Kurobe tsjustere dielen. De oarsprong fan het wurd Kurobe is net dúdlik. De namme soe te meitsjen hawwe mei dellingen yn it skaad fan bergen, of fan it Japanske wurd ikurohi foar Swarte sipres (Taxodium distichum) of fan it Ainu-wurd kurubetsu, dat "Duvelsberch" betsjut, ôfstamme kinne.
Kurobe krige op 1 april 1954 de status fan stêd (shi) nei in fúzje fan de gemeentes Sakurai (桜井町, Sakurai-machi) en Ikuji (生地町, Ikuji-machi).
Op 31 maart 2006 waard de gemeente Unazuki (宇奈月町, Unazuki-machi, 6.114 ynwenners, 341,20 km²) fan it District Shimoniikawa oan Kurobe taheakke.
Ekonomy
bewurkje seksjeKurobe moast it yn it ferline hawwe fan de fiskerij en it bouwen fan rys. Tsjintwurdich hat de stêd in protte yndustry. De grutste fabrikant fan ritsslutingen fan de wrâld, YKK, hat der syn haadfestiging. Fierder wurde yn Kurobe aluminium konstruksjematerialen makke, en rubber- en plestikprodukten. De fiedingsmiddelenyndustry makket ûnder oaren sakee, miso en soajasaus.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Unazuki-Onsen (hjitte wellen)
Oanswettende stêden
bewurkje seksjePartnerstêden
bewurkje seksjeSûnt 10 septimber 1970 hat Kurobe in jumelaazje mei Snits dêr't in fabryk foar ritsslutingen fêstige is. Kurobe hat sûnt 2000 in Snitsplein, en in troch de Nederlânse arsjitekt Herman Hertzberger ûntwurpen moetingssintrum foar East en West.
Oare stêdenbannen:
- Nemuro op Hokkaido sûnt 19 oktober 1976,
- Macon yn Georgia (Feriene Steaten), sûnt 10 maaie 1977,
- Samcheok yn Súd-Korea.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kurobe fan Wikimedia Commons. |