The Barbarian (byld)

The Barbarian (Frysk: De Barbaar) is in houten byld fan de keunstner fan Frysk komôf Jan B. Woudstra. It byld is makke fan in beam út Japan, yn opdracht fan ritsslutingfabryk YKK út Kurobe. De barbaar út de namme binne de Nederlanners mei harren nuvere skrift, en harren read en blond hier, dy't, beheind, tagong hienen ta de Japanske maatskippij fan it eilân Desjima ôf.

It byld stiet op de Kalkûnen yn Snits, en it wie 19 april 2000 oerlange, as part fan de Japanske Wike yn Snits, fanwegen de 400 jier fan betrekkingen tusken Japan en Nederlân. YKK hie harren earste fabryk yn Jeropa yn Snits, wat yn 1970 de oanlieding wie foar in stêdebân tusken Kurobe and Snits.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: