Oarlochsmonumint Snits

It Oarlochsmonumint is in monumint ta oantinken oan de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch yn de stêd Snits.

It monument yn 2012. Arsjitekt A. Goodijk, W. Valk (byldhouwer)

It monumint oant 1950

bewurkje seksje

It monumint waard fuort nei de oarloch oprjochte op it plak fan de doe krekt ôfbaarnde waach fan Snits. Destiids bestie it monumint út in fjouwerkante pylder mei weagjend dak. Op de pylder stienen de nammen fan de yn Snits omkommen persoanen. It die bliken dat dy list ynkompleet wie, der stienen allinnich nammen op en gjin data.

Op it monumint stie de tekst:
It sied fan juster is de frucht van moarn

De pylder is nei pleatsing by de Waach letter fersetten nei it Ald Tsjerkhôf, dêr't it in plak krige njonken de Brânwarkazerne fan Snits. It monumint is yn 1950 ferfongen troch it hjoeddeiske byld.

Monumint sûnt 1950

bewurkje seksje
 
 

It monumint toant in steande frou mei earelint op in arkadefoarmige bakstiennen muorre. It byld stiet neist de Grutte- of Martinytsjerke yn Snits en is makke fan Frânske kalkstien (Vaurion).

Op it earelint stiet de tekst:
GETROUW TOT IN DE DOOD

Dêrûnder op de foet fan it byld:
1940 - 1945

De muorre ûnder it byld hat ferskate plakettes, wêrûnder ien as oantinken oan de slachtoffers fan de Snitser Bloednacht.[1] It byld is op 4 maaie 1950 ûntbleate troch Meta Lever, dy't har heit en twa bruorren ferlear yn de Twadde Wrâldoarloch.

Elts jier op 4 maaie, by de Nasjonale Deadebetinking, is der in plechtichheid oan de foet fan it byld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oorlogsmonumenten.nl oer it byld