De Waach fan Snits is in earder waachgebou foar suvelhannel op de hoeke fan de Merkstrjitte en de Liuwenburch (destiids Kroanenburch) oan it Waachplein. It gebou is yn 1945 troch de Dútske besetter ferbaarnd.

Waach fan Snits, 1790
Merkstrjitte Snits mei waach, om 1900 hinne

Histoarje bewurkje seksje

Wannear't de waach krekt stifte is, is ûndúdlik. De earste boarnen oer it waachrjocht dat de stêd krige geane werom oant 1427, wêrtroch't dy datum faak as beginjier brûkt wurdt. Mooglik hie de earste waach kantoar yn it Stedhûs fan Snits. De waach stie by it wetter fan De Wip, dy't har name krige troch de oerslach fan guod foar de merken en waach.

Yn de ûnderromte hongen fiif grutte skealen en stellingen foar de tsiisbesoarging. Oan de kant fan de Merkstrjitte wie in romte foar de waachmaster. Op de boppeferdjipping wiene meardere wachtromtes, foar militêren mar ek foar de skutterij. Op it dak stienen twa wynwizers op skoarstiens. Yn 'e midden fan it gebou stiet yn in Hollânsk geveltsje de tekst Doet Regt Stads waag. Njonken de waach stie it bûterhûs.

Yn 1706 waard besletten in hannelsbelesting ôf te skaffen, wat late ta in grutte bloei fan de handel. Yn 1725 isit gebou útwreide mei in grutte brede luifel, dy't rêste op swiere houten pylders. Dy luifel wie foar it beskermjen fan it guod tsjin sinne en rein. Yn 1756 kocht it bestjoer in neistlizzend pân, wêrtroch't de waach fergrutte waard. Yn 1840 is de waach werboud. Om 1865 ferwurket de Snitser Waach 26.39% fan alle Fryske bûter (Ljouwert 25.39%) en 40.80% fan alle Fryske tsiis (Ljouwert 4.37%). De waach is yn 1917 bûten tsjinst steld.

De waach is by de úttocht fan de Dútske besetter nei de Twadde Wrâldoarloch op 15 april 1945 yn 'e brân stutsen troch útnaaiende Dütske militêren, oant dy tiid waard der noch altyd om it gebou hannele yn bûter en tsiis. Yn de oarloch brûkten de Dútsers it gebou as munysjeopslach. Oer dy brân en de besettingsjierren yn Snits is in boek skreaun mei de titel De Waag staat in brand (Friese Pers Boekerij, jannewaris 1995). Njonken de âlde waach waard fuort nei de befrijing it oarlochsmonumint fan Snits oprjochte, dat letter fersetten is nei it Ald Tsjerkhôf.

Werbou moderne styl bewurkje seksje

Nei de brân is de waach sloopt en werboud yn 1985 (?) yn moderne styl, net nei de smaak fan eltsenien. Hjirby binne de skaaimerken fan de âlde waach opnomd. Hjiryn is letter in fêstiging fan de Fortis Bank komd. Yn 2011 is yn it gebou in snackbar fan de Febo komd.