Slach by Barrahûs
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Barrahûs wie in fjildslach yn it tiidrek fan 'e Fryske boargeroarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers. Dit wapene treffen fûn plak by Barrahûs, ûnder Wurdum, op 10 oktober 1492. De striid gie tusken in legerke fan 'e Skieringer haadling Bocka Harinxma en de Snitsers tsjin 'e Fetkeaperske Ljouwerters, dy't stipe waarden troch harren bûnsmaten, de Grinzers. De slach waard wûn troch de Fetkeapers.
Eftergrûn
bewurkje seksjeDe stêd Ljouwert wie nei it bieroproer yn 1487 ûnder Skieringer ynfloed rekke en de haadling Worp Juckema hie it der foar it sizzen krigen. Yn 'e rin fan 1492 kaam oan dy sitewaasje in ein doe't meente en gilde fan 'e stêd op eigen manneboet de hearskippij wer yn 'e hannen krigen. Se rôpen fuort de help yn fan 'e Grinzers, en nettsjinsteande it ferset fan ferskate wichtige haadlingen sleat de stêd Ljouwert him oan by it Dokkumer Bûn. Dizze ommekear brocht inkele Ljouwerter haadlingen derta har nei Bocka Harinxma en de Hottinga's fan Warkum te rjochtsjen om help.
De slach
bewurkje seksjeBocka Harinxma mobilisearre fuort syn mannen en sette út Snits wei mei in legerke op Ljouwert oan. Mar wylst de Snitsers nei Ljouwert ta opteagen, hiene de Hottinga's yn it geheim in neutraliteitsferdrach mei de Grinzers sletten, dêr't nei alle gedachten de net al te hertlike ferstânhâlding tusken de geslachten Hottinga en Harinxma in rol by spile hawwe sil.
By Barrahûs, deun ûnder Ljouwert, waard it leger fan Harinxma ferneatigjend ferslein. By de efterfolging fan 'e útnaaiende Skieringers fûnen frijwat gewelddiedichheden plak dêr't benammen leden fan 'e Ljouwerter meente har skuldich oan makke hawwe soene. De Grinzers en Ljouwerts makke handich gebrûk fan har oerwinning troch alle doarpen tusken Ljouwert en Raard te brânskatten en in stikmannich stinzen fan Skieringers, wêrûnder dy fan Piter Kamstra, te ferwuostgjen.
Gefolgen
bewurkje seksjeBocka Harinxma ferlear nei de nederlaach it gesach oer Gaasterlân oan de Hottinga's, en ek de stêd Snits siet der raar ta. Op 13 oktober ferskynde der in boadskipper fan 'e Grinzers yn Snits mei in foarstel foar in fredesferdrach, wêrfan't de besegeling troch it Snitser stedsbestjoer en Harinxma easke waard. Nei lang hinne-en-werpraten, giene dyselden dermei akkoart. De frede hold yn dat Snits, Harinxma en dyjingen dy't ûnder har beskerming stiene net tsjin it Dokkumer Bûn yngean mochten en dat ynwenners fan Westergea dy't har mei Grins winsken te ferbinen gjin tombree yn 'e wei lein wurde soe. Fierders moast Snits oan Grins in skeafergoeding fan 1.750 Rynske gûnen betelje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|