Guercino of Il Guercino ('de skillige') (Cento, 8 febrewaris 1591Bologna, 22 desimber 1666) wie in Italiaanske keunstskilder út de barok waans oarspronklike namme Giovanni Francesco Barbieri wie.

Guercino (selsportret)
Stúdzje fan in âldman, pinne en brune inket op papier

Biografy bewurkje seksje

Guercino waard berne yn Cento, in stêd tusken Bologna en Ferrara. Hy wie in meistudint fan de skilder Lodovico Carracci Hy wurke yn Rome en Bologna.

Yn Rome skildere er yn de perioade tusken 1621 en 1623 ûnder mear it plafond-fresco fan Casino Ludovisi. Syn alterstik Begraffenis fan St. Petronilla (1623), makke foar in alter yn de Sint-Pitersbasilyk, is te sjen yn de Musei Capitolini. It krêftige naturalisme fan syn iere wize fan wurkjen kontrastearret mei it klassike lykwicht fan syn lettere wurken dy 't neffens saakkundigen nea de dramatyske yntinsiteit fan syn betide wurk krigen. Syn tekeningen steane bekend om har helderheid en libbene styl.

Musea bewurkje seksje

Guercine syn wurk is ûnder mear te sjen yn:

De Keninklike Biblioteek yn Windsor hat in wiidweidige samling fan syn tekeningen.

Galery bewurkje seksje

Skilderijen
Tekeningen

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: