Gustaaf-Adolf-steaftsjerke

De Gustaaf-Adolf-steaftsjerke (Dútsk: Gustav-Adolf-Stabkirche) is in steaftsjerke yn Hahnenklee by de Dútske stêd Goslar. De tsjerke is nei de Sweedske kening Gustaaf Adolf II ferneamd.

Gustaaf-Adolf-steaftsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
plak Goslar-Hahnenklee
adres Professor-Mohrmann-Weg 1
koördinaten 51° 51' N 10° 20' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelysk-luthersk
Arsjitektuer
arsjitekt Karl Mohrmann
boujier 1907-1908
boustyl histoarisme
Webside
www.stabkirche.de
Kaart
Gustaaf-Adolf-steaftsjerke (Nedersaksen)
Gustaaf-Adolf-steaftsjerke

Op in troch de Norddeutscher Rundfunk gearstalde list fan 'e meast wichtige bouwurken fan Noard-Dútslân stie de tsjerke op it 29e plak.

Yn 1907 waard útein set mei de bou fan 'e tsjerke. De Noarske steaftsjerke fan Borgund stie model foar de nije tsjerke. Om't de nije tsjerke mear minsken bergje moast as it orizjineel, wykt it gebou hjir en dêr wat ôf fan dy fan Borgund.

Foar de bou fan 'e nije steaftsjerke brûkten de protestanten fan Hahnenklee de boppeferdjipping fan in skoalgebou as tsjerke, mar mei't Hahnenklee toeristysker waard, wie dy romte te lyts woarn. Arsjitekt Karl Mohrmann út Hannover krige de opdracht om in aparte tsjerke foar Hahnenklee te bouwen. Op in stúdzjereis nei Noarwegen hie Mohrman oer de karakteristike steaftsjerken leard en dêrfan in pear tekene. Hy stelde de protestanten út om ek sa'n tsjerke foar Hahnenklee te bouwen en sei dêrby dat om 900 hinne ek yn it noarden fan Dútslân in soad op steaftsjerken lykjende houten tsjerken boud waarden en dat boutype oarspronklik yn Noard-Dútslân ynhiemsk west hat. Guon fan dy tsjerken ferrotten op it lêst en oaren waarden te lyts, sadat dy tsjerken yn 'e rin fan 'e tiid allegear ferfongen waarden troch stiennen tsjerken.

 
Ynterieur.

Sa bouden yn 'e jierren 1907-1908 timmerlju út Hahnenklee mei fjurrehout de steaftsjerke. Alhoewol't it om de bou fan in kopy giet fan in 800 jier âlde steaftsjerke, is de Hahnekleeër tsjerke dochs in tige bekend gebou woarn. De Noarske steaftsjerken binne mei likernôch 50 plakken trochstrings lytser en troch brek oan gruttere finsters fan binnen hiel donker. Op 28 juny 1908 waard de tsjerke yn gebrûk nommen. De protestantsk-lutherkse tsjerke waard ferneamd nei kening Gustaaf Adolf II.

Oan it begjin koe de alterromte noch mei mobile wanden ôfskaad wurde om sa as wintertsjerke te tsjinjen. De steaftsjerke is ferskillende kearen renovearre. De gevel is hjoed-de-dei dêrfandinne net mear oarspronklik. De lêste yngreven restauraasje fûn yn 'e jierren 2002-2006 plak.

Benammen yn 'e jierren 1960 en 1970 wie de tsjerke populêr as troutsjerke. Yn dy tiid trouden dêr wol 300 pearkes yn 't jier. Dat is hjoed-de-dei minder, mar noch jimmeroan wurdt de tsjerke in soad as troulokaasje brûkt.

 
Alterromte mei dêrboppe it oargel.

Fanwegen it klimaat yn 'e Harz en de houten tsjerke wie in oargel foar de tsjerke in drege saak. Oan it begjin hie de tsjerke in harmoanium. Healwei de jierren 1950 krige de tsjerke in elektropneumatysk kegellade-oargel fan 1600 pipen en 26 registers. Dat waard yn 'e jierren 1980 nochris fergrutte. Mar it ûnderhâld wie djoer en it oargel liet it faak ôfwitte.

Nei't de gemeente in pear jier him mei in eletroanysk oargel behelpe moast, waard yn 1994 troch de firma Goll in nij oargel mei 27 registers op twa manualen en pedaal en in mechanyske spyl- en registertraktuer boud. De oargelpipen steane op in oargelkreake boppe de alterromte efter in jitizeren hek mei in slangepatroan; de spyltafel stiet op 'e hichte fan 'e kreake lofts fan it alter. Yn 2014 is it oargel útwreide mei in nachtegaal-register.

Lykas de âlde steaftsjerken, dy't ûntstienen by de kerstening en dêrfandinne noch in soad heidenske symboalen lykas drakekoppen en slangesymboalen ha, besit ek de steaftsjerke fan Hahnenklee sokke dekoraasjes. Ek de skipsbou hat syn ferwizingen yn 'e tsjerke: de kroanluchter is bygelyks yn 'e foarm fan in stjoerrêd en de boppeste finsters dogge oan kajútsfinsters tinken.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: de:Gustav-Adolf-Stabkirche.