Gustaaf van de Wall Perné

Gustaaf Frederik 'Gust.' van de Wall Perné (Apeldoorn, 18 maaie 1877 - Amsterdam, 27 desimber 1911) wie in Nederlânsk keunstskilder, yllustrator, boekbânûntwerper en skriuwer.

Gustaaf van de Wall Perné.

Libben bewurkje seksje

Gustaaf van de Wall Perné helle syn ynspiraasje út de natoer fan de Feluwe. Hy skildere heidefjilden, sânferstowingen, snielânskippen en seegesichten. Tagelyk wie er warber yn it Amsterdamske keunstlibben en wie er lid fan in tal keunstnersrûnten dêre, sa as Keunstnersferiening Sint Lucas|[1]. Syn wurk wurdt oerhearske troch de natoer en har gearhing mei kultuer. Syn skilder- en yllustraasjewurk wurdt rekkene ta it naturalisme en symbolisme. Van de Wall Perné ûntwurp teffens reformklean en meubels en batikte; ek wie er warber op it mêd fan folkskunde.

Syn niget oan âlde Feluwske folksferhalen útere him yn de bekende bondel Veluwsche Sagen.

Van de Wall Perné stoar mei 34 jier oan leadfergiftiging.

Wurk bewurkje seksje

  • Veluwsche Sagen, Den Haach 1993 fotomeganyske werprintinge, 2 dielen yn 1 bân]
  • Eenige opmerkingen over hedendaagsche schilderkunst, 1909
  • Over sierkunst, z.p. z.j.
  • Nederlandsche Sagen en Volksoverleveringen in onze weefkunst

Boekbânûntwerpen bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

 
'Mystike paden' (1907).
  • M. Bax, C. Blotkamp, L. Tibbe en M. Groot, In het diepst van mijn gedachten... Symbolisme in Nederland 1890-1935, Zwolle/Assen 2004
  • F. Berding, Gust. van de Wall Perné. Een inleiding tot waardeering van zijn kunst, Amsterdam 1912
  • Idem, Gust. van de Wall Perné’, in: Kunst en Kunstleven. Geïllustreerd periodiek voor het algemeen kunstwezen 1 (1911-1912), 323-338
  • T. Busch, Kunstenaars in een tijd van onrust. Een vergeten persoon, Gust. van de Wall Perné (1877-1911), z.p. z.j.
  • C.J.[B.P.] Frank, F.[A.C.] Haans en H.[A.M.] Ummels, Apeldoorn. Architectuur en stedenbouw 1850-1940, Swol 1997, 72-73
  • E.W. Langenbergh-Parqui, Terugblik op het oude heidegehucht Hoog-Soeren zoals het was in vroeger tijd, Apeldoorn 1983
  • P.A. Scheen, Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars, 1750-1950, diel 2, De Haach 1970, 165
  • C. de Wit, Chris en Agathe Wegerif. Dragers van de Nieuwe Kunst in Apeldoorn, Apeldoorn 1994

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.sint-lucas.nl/pagina/nieuwsbrief/nieuwsbrief_4.htm