Gustaaf II Adolf fan Sweden
Gustaaf II Adolf (Stokholm, 9 septimber 1594 – by Lützen, 6 novimber 1632), ek wol Gustaaf Adolf de Grutte of de Liuw fan it Noarden neamd, wie kening fan Sweden fan 1611 oant syn dea yn 1632. Hy wie de soan en opfolger fan Karel IX fan Sweden en fan Kristina fan Holstein-Gottorp, en heit fan keninginne Kristina.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Hy stifte yn 1621 de stêd Goateboarch om de Denen en de Hânzestêden de foet dwers te setten. Gustaaf Adolf hie in taleknobbel en spriek floeiend Dútsk en nei't it hiet ek Latyn. Yn 1632 rjochte er yn it ferovere Estlân de Universiteit fan Tartu op.
Gustaaf Adolf wie ien fan de haadrolspilers yn de Tritichjierrige Oarloch en stried foar de protestantske saak, dat hy wie tsjinstanner fan de Habsburgers. Yn 1632 sneuvele er yn 'e Slach by Lützen, yn Saksen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gustav II Adolf of Sweden fan Wikimedia Commons. |