Hânbree
In hânbree wie in langtemjitte, breed as de palm fan in hân. De mjitte wie likernôch fjouwer tommen, en dêrmei likernôch 10 sintimeter. By de ynfiering fan it metryske stelsel, ferdwûn lykwols dat ferbân. De metryske tomme waard 1 sm.; it metryske hânbree waard 10 sm. Tjintwurich wurdt de mjitte allinnich ynformeel noch brûkt.