Hânzeliga
De Hânzeliga is in ynternasjonale organisaasje foarme troch in tal Noard-Europeeske lannen yn de Europeeske Uny, dy't gearwurkje op it mêd fan finânsjes en finansjeel belied. Dy lannen binne: Denemark, Estlân, Finlân, Ierlân, Letlân, Litouwen, Nederlân en Sweden. It binne allegear foarstanners fan frijhannel en in strange begruttingsdissipline ûnder de EU-lidstaten. De namme fan de liga ferwiist nei de midsiuwske hânze, in súksesfolle gearwurking tusken hannelsstêden yn Noard-Europa.
Stifting
bewurkje seksjeIt inisjatyf ta it foarmjen fan in groep ûntstie yn Brussel yn 2017; de offisjele oprjochting folge yn febrewaris 2018. Oanlieding wie de Brexit, it oansteande ôfskie fan it Feriene Keninkryk út de EU. Dêrmei rekke de EU in wichtige en ynfloedrike foarstanner fan frijhannel yn de EU kwyt. Dat hie fan gefolgen dat de ynfloed fan Frankryk, foarstanner fan it proteksjonisme en finansjele stipe foar lidstaten sûnder slutende begrutting en minder begruttingsdissipline, tanimme koe; in ûntwikkeling dy't troch de lannen fan de Hânzeliga net winsklik achte wurdt.[1][2]
De Hânzeliga slút oan op in al earder besteande oerlisgroep fan Skandinavyske en Baltyske lannen yn de EU.
Stânpunten
bewurkje seksjeDe lannen fan de liga binne fan betinken dat de ôfspraken dy't yn de EU makke binne oer it finansjele en fiskale belied troch alle lidstaten krekt en sekuer neilibbe wurde moatte. Dat ferleget de kâns dat in lidstaat in berop op oaren dwaan moat om harren finansjeel te stypjen. De liga is tsjinstanner fan in transferuny, wêrby't belestingsinten fan lannen, dy't de ôfspraken wol neikomme, oerboekt wurde nei lannen dy't de saken net op oarder hawwe.[3] Likemin is de liga foarstanner fan it oerheveljen fan skulden fan yndividuele lannen nei mienskiplike skulden troch de útjefte fan Europeeske bonds, sadat lannen mei in minder strange begruttingsdissipline goedkeaper liene kinne. Dêrnjonken wolle de leden fan de Hânzeliga, oars as Frankryk en Dútslân, in lytsere Europeeske begrutting.
De acht leden hawwe gjin mooglikheden om it near te lizzen op besluten fan de Europeeske Ried, om't se net de fereaske 35% fan de EU-befolking fertsjintwurdigje. De groep hat lykwols wol ynfloed om't yn de EU by it foarmjen fan in beslút oer ekonomyske herfoarmings stribbe wurdt nei konsensus.
De Ierske fice-premier Simon Coveney iepene yn in taspraak op 11 april 2019 ek de mooglikheid foar de leden fan de Hânzeliga om op oare gebieten nauwer gear te wurkjen.
Wjerstân
bewurkje seksjeWjerstân fynt de Hânzeliga benammen fan lannen dy't muoite hawwe de ôfspraken oer de begruttingsdissipline wier te meitsjen. De Frânske minister fan finânsjes Bruno le Maire joech yn 2019 fûle krityk op de liga, om't de liga "de EU ferswakke soe". De alliânsje Frankryk-Dútslân fûn de minister dêrfoaroer fan in oare kategory en soe neffens Le Maire foar elkenien foardiel hawwe. Yn Brussel waard de liga spytgnyskjend "Wopke en de sân dwergen" neamd [4][5], mar de acht lannen hawwe meiïnoar in BBP dat te fergelykjen is mei dat fan Frankryk, mar dan mei 50 miljoen ynwenners fertsjinne wurdt, wylst Frankryk krapoan 68 miljoen (2020) ynwenners telt. Ek de irritaasjes en de lilkens dy't de Hânzeliga by tsjinstanners as Frankryk oproppe, wize der op dat de liga earnstiger dan tajûn nommen wurdt.