Hûnekarre
In hûnekarre (Dútsk: Hundewagen, Ingelsk: Dog-Cart) wie in lytse karre dy't troch ien as mear hûnen lutsen waard. De hûn koe foar of ûnder de karre ynpspand wêze. Hûnekarren waarden eartiids in soad brûkt troch sutelders, marskreamers, gernieren, ensafuorthinne, mar ek foar persoaneferfier; de hûn wie 'it hynder fan de earmelju'.
Tsjintwurdich wurdt in fytskarke om hûnen yn mei te nimmen, ek wol hûnekarre neamd.
Skiednis
bewurkje seksjeDe hûnekarre is, yn Europa, fan de midsiuwen oant yn de 20e iuw brûkt foar it ferfier fan minske en guod, mar ek foard hurdriidwedstriden. Yn Nederlân binne der fan 1672 ôf al feiten oer hûnen bekend dy't in beskate soarte fan karkes lutsen. Yn 1910 kaam de Lûkhûnewet mei foarskriften foar it brûken fan in hûnekarre.
De Nederlânske post hat ek oant 1922 brieven en pakjes mei de hûnekarre besoarge.
It is ek witten dat it Nederlânsk leger yn de tiid fan de Earste Wrâldkriich mear as 1200 hûnen yn militêre tsjinst hie. De bisten waarden as twaspan foar de saneamde mitrailleurweinen, munysjeweinen en arkweinen ynspand.
Hûnekarren waarden yn begjin 20e iuw al ferbean yn Ingelân om reden fan bistewolwêzen. Yn Nederlân is it brûken fan de hûn as lûkbist offisjeel sûnt 1963 ferbean.[1]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|