Hûs fan de Nederlannen
It Hûs fan de Nederlannen (Haus der Niederlande) yn Múnster (Noard-Rynlân-Westfalen) húsfestet ynstellings, dy’t har dwaande hâlde mei ûndersyk, ûnderwiis en wittenskiplike tsjinstferliening oangeande Nederlân en Flaanderen.
Ynstellings
bewurkje seksjeIt „ Zentrum für Niederlande-Studien“ is de iennige wittenskiplike ynstelling yn Dútslân, dy’t oer de fakgrinzen fan ûnderwiis, ûndersyk en tsjinstferliening hinne giet. Doelstelling fan de ynstelling is it yngreven begripen fan Nederlânske en Flaamske gebieten en harren betrekkings mei Dútslân. De oanbeane stúdzjes besteegje njonken it leren fan de talen omtinken oan politike, histoaryske, ekonomyske en kulturele fraachstikken. It sintrum ûntstie yn it jier 1989 en is ferbûn oan de Westfaalske Wilhelms-universiteit yn Múnster.
Stúdzjes
bewurkje seksjeBy beskate stúdzjes giet de gearwurking mei de universiteiten fan Nymwegen, Utert, Antwerpen, Gent en Leuven oer lânsgrinzen hinne. Fan guon stúdzjes wurdt it iene part yn Nymwegen en it oare part yn Múnster jûn. Múnster hat him ûntwikkele ta in stêd foar studinten. Foar Nederlanners is de Dútske taal goed tagonklik, foar Frysktalige Nederlanners ek. Oer Swol-Ynskedee hat Fryslân in streekrjochte treinferbining mei Múnster.
Biblioteek
bewurkje seksjeDe bibioteek hat foar de Dútstalige gebieten de grutste samling publikaasjes oangeande de Nederlânske kultuer. Mei om-ende-by 65.000 bannen, ek Frysktalige, is de biblioteek in swiergewicht wat de Nederlânske kultuer oanbelanget. Boppedat binne der sa‘n 30.000 bannen fan it ynstitút foar de Nederlânske Filology. Sa jout it „Zentrum für Niederlande-Studien“ yn Dútslân unike mooglikheden ta ûndersyk op it mêd fan Nederlân en Flaanderen. De biblioteek is boppedat in ûnderôfdieling fan de ULB (Universitäts- und Landesbibliothek) fan Múnster.
Krameramtshaus
bewurkje seksjeIt as "Krameramtshaus" bekend steande hûs bestiet sûnt 1589 en die tsjinst as pakhûs en plak fan gearkommen foar it gilde fan kreamers. It hûs tsjinne tidens de ûnderhandelings oer de Westfaalske Frede - dy't njonken de Tritichjierrige Oarloch binnen it Dútske gebiet ek de Tachtichjierrige Oarloch fan de Nederlannen om ûnôfhinklikens fan de Spanjaarden beëinige - ta ûnderkommen foar de Nederlânske gesanten. De ûnderhannelings wiene fan 1646 oant 1648 wikseljend yn de ûnderkommens fan de dielnimmende delegaasjes. Op de 30ste jannewaris 1648 koe úteinlik it Spaansk-Nederlânske Ferdrach – de Frede fan Münster – yn it "Krameramtshaus" tekene wurde.
Op 15e maaie 1648 waarden de ratifikaasje-oarkonden wiksele en de frede yn in feestlike seremoanje besward. De Spaanske gesant greve Peñaranda hie foar dat barren de riedskeamer fan it Stedshûs frege, dy't dêrom letter omneamd waard ta Fredesseal.
It hûs stiet yn it sintrum fan Múnster, dat yn de Twadde Wrâldoarloch regelmjittich bombardearre is. Doe't der noch gjin radar wie, leinen plakken as Múnster al binnen it berik fan de alliearde fleantugen en dêrnei leinen se op de weromflecht nei Ingelân. Nei de oarloch is alle war dien, om dat sintrum wer yn âlde steat werom te bringen.