H.J. van den Broek

Hendrik Johannes van den Broek (Rotterdam, 10 maart 1901Hilversum, 15 juny 1959) wie in Nederlânsk sjoernalist.

H.J. van den Broek

Fan 1933 ôf oan wie er korrespondint yn Parys foar it deiblêd De Maasbode en letter foar de Telegraaf. Nei de Dútske ynfal yn Nederlân rjochte er de radio-omrop Radio Vrij Nederland op, dy't de harkers yn Nederlân moed ynsprekke woe. Na de Frânske kapitulaasje flechte er mei syn húshâlding oer Portegal nei Londen.

Dêrwei fersoarge er fan 1941 útstjoerings foar Nederlânske seefarders fia de stjoerder De Brandaris. Van den Broek brûkte dêrfoar de skûlnamme De Rotterdammer. Yn 1942 gong de stjoerder op yn Radio Oranje, dêr't er haad fan waard. Premier Gerbrandy hat him letter beskreaun as "in goed te brûken potentaat."

Nei de befrijding fan it suden fan Nederlân yn 1944 gie er werom nei it heitelân. Yn Eindhoven joech er lieding oan Radio Herrijzend Nederland. Van den Broek hat syn ûnderfinings yn de oarloch beskreaun yn it boek "Hier Radio Oranje. Vijf jaar radio in oorlogstijd." (Amsterdam, 1947)

Nei de oarloch wie er jierrenlang direkteur fan Radio Nederland Wereldomroep. Hy wie de heit fan politikus Hans van den Broek.