Kommys
Kommys (fan it Frânske commis, dat "klerk" of "winkelbetsjinner" betsjut) is in eardere amtlike rang yn Nederlân. It gie om in administrative amtner fan middelbere rang, leger as in referindaris, mar heger as in klerk. Boppe, efterelkoar ûnder de kommys bestienen noch de rangen fan haadkommys en adjunkt-kommys. De funksje wurdt faak assosjearre mei amtners by de belestingtsjinst of dûane, mar ek op gemeentesekretaryen wiene kommizen.
Nei 1981 ferdwûn de rang út de Nederlânske amtnerij nei't der salarisskalen ynfierd waarden. Op Kurasau bestie de funksje fan kommys by de belestingtsjinst oant 2011.
Grinsjagers
bewurkje seksjeYn 1814 waard it Korps Grinsjagers oprjochte, besteande út 300 man, benammen pensjonearre militêren, dêr 't de earste lichting fan inkeld en allinne út offisieren bestie. Dêrfoar makken se gebrûk fan saneamde kommizepaden. Hja moasten de tanimmende smokkelderij by de grinzen lâns tsjingean. Hoewol't yn 1819 in blaugriis unifoarm ynfierd waard foar kommizen mei trijekante hoed, gewear en sabel, droegen Nederlânske kommizen meastal boargerklean omdat se in unifoarm sels bekostigje moasten. Ynsynjes, petten of earmbannen waarden net brûkt. It berop stoar stadichoan út: yn de Earste Wrâldoarloch waard it tal kommizen te lyts en sette de oerheid dêrom soldaten yn, dy't úteinlik troch dûaneamtners ferfongen wurde soene. It ynspekteursambt ferfoel úteinlik yn 1950 doe't de boarchbelesting net mear heft waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|