Haarsnip
De haarsnip (Lymnocryptes minimus) is in fûgel út de famylje fan snipfûgels (Scolopacidae), it is de ienichste soarte út it skaai Lymnocryptes.
haarsnip | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lymnocryptes minimus | ||||||||||||
Brünnich, 1764 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
Foarkommen
bewurkje seksjeDizze lytste snipeftige fan Nederlân hat in lingte fan 18 - 20 sm en waacht in 40 oant 60 gram. Fergelike mei it waarlamke hat er in lytse snaffel, mar folle dikker. Hjirmei is er ek dúdlik te ûnderskieden yn de flecht. Oer syn rêch rinne fjouwer, brede ljochtstreken dy't soargje foar in skutkleur at er him tsjin de grûn parset. By it waarlamke rint de streek troch oer de krún, by de haarsnip net mear.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe haarsnip is in skouwe fûgel dy't him benammen yn it skimertsjuster en de nacht sjen lit. Oerdei is er allinnich war te nimmen as hy opjage wurdt út syn ferskûlplak. Oars as syn kollega snip it waarlamke fleant er leech oer de grûn op 'e siik nei in nij skûlplak in pear meter fierderop. Hy ferskûlet him faak neist de wetterouwer fan streamen en rivieren.
Yn Fryslân en Nederlân binne haarsnippen allinnich by't winter, krektas yn de rest fan West- en Súd-Europa. De fûgels briede yn it noarden fan Ruslân en Skandinaavje.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe haarsnip briedt op de toendra en sompige gebieten, yn makket in nêst op de grûn en leit 3 as 4 in ferhâlding grutte aaien.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd
- SOVON Fersprieding en oantalsûntwikkeling fan de haarsnip yn Nederlân
- Kaart fan Nederlân mei waarnimmingen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lymnocryptes minimus fan Wikimedia Commons. |