Haderslev (gemeente)

Haderslev is in gemeente yn de Deenske regio Syddanmark. De gemeente hat in oerflak fan 818,70 km² en 55.963 ynwenners (01.01.2018).

Haderslev
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Syddanmark
boargemaster Hans Peter Geil
sifers en geografy
haadplak Haderslev
grutste plak Haderslev
ynwennertal 55.963 (2018)
oerflak 813,57 km²
skiednis
oprjochte 2007
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.haderslev.dk

De stêd Haderslev is it bestjoerlik en ekonomysk sintrum fan de gemeente.

De gemeente ûntstie mei de Deenske weryndieling fan gemeenten op 1 jannewaris 2007. De âlde gemeente Haderslev waard doe mei de gemeenten Gram, Vojens, it tsjerkedoarp Bevtoft fan de gemeente Nørre-Rangstrup en de doarpen Hjerndrup, Bjerning en Fjelstrup fan de gemeente Christiansfeld gearfoege. In referindum yn de gemeente Christiansfeld wiisde út dat in mearderheid fan de gemeente foar de nije gemeente Kolding keas. Nei bemiddeling fan de sosjaal-demokraat Thorkild Simonsen fûn op 16 juny 2005 in nije ôfstimming op basis fan de kerspelen fan de gemeente plak.

Yn de gemeente wennet in Dútske minderheid, dy't eigen ûnderwiis en in eigen bibleteek hat en yn de ried fertsjintwurdige wurdt mei in riedslid.

Gruttere plakken yn de gemeente

bewurkje seksje
Grutste plakken yn de gemeente[1]
Nr Plaknamme Ynwenners 2012 Ynwenners 2016
1 Haderslev 21.396 21.994
2 Vojens 7.666 7.579
3 Starup 2.468 2.486
4 Gram 2.419 2.526
5 Over Jerstal 1.120 1.103
6 Sommersted 1.086 1.073
7 Hammelev 1.001 1.013
8 Bevtoft 806 749
9 Marstrup 805 779
10 Hoptrup 698 685

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: