Haderslev
Haderslev (Dútsk: Hadersleben) is in stêd yn 'e Deenske regio Súd-Denemark.
Haderslev | ||
Domtsjerke fan Haderslev | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
Gemeente | Haderslev | |
Sifers | ||
Ynwennertal | plak: 22.182 (2023) gemeente: 55.353 (2023) | |
Oerflak | gemeente: 701,98 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 6100 Haderslev | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 55° 15' N 9° 29' E | |
Offisjele webside | ||
www.haderslev.dk | ||
Kaart | ||
Sûnt de stifting fan 'e stêd yn 'e hege midsiuwen wie de stêd ûnderdiel fan it hartochdom Sleeswyk. Nei de Dútsk-Deenske Oarloch hearde Haderslev van 1867 oant 1920 by Prusen en dus fan 1871 oant 1920 by it Dútske Ryk. Yn dat lêste jier waard Haderslev tegearre mei Noard-Sleeswyk oan Denemark ôfstien. Ek hjoed-de-dei wennet noch in Dútsktalige minderheid yn 'e stêd, dy't yn it Dútsk Hadersleben neamd wurdt.
Skiednis
bewurkje seksjeAl ier wie it gebiet fan 'e hjoeddeiske stêd bewenne, lykas bliken docht út in offerfynst út it Stiennen Tiidrek. In earste havenlokaasje is wat fierder eastlik te finen by de tsjerke fan Starup, de âldste tsjerke yn 'e krite. West fan de lettere stêd ûntstie noch in delsetting mei de Sint-Severinustsjerke, dy't ek oant de dei fan hjoed bewarre bleaun is. De hannelsstêd ûntstie oan it ein fan it fjord, dêr't ek in kastiel boud waard.
Haderslev waard al foar 1200 foar it earst neamd. Yn in leginde fertelt Saxo Grammaticus oer in kening Hather, nei wa't de stêd ferneamd is. Yn Haderslev of, lykas de âldste foarm fan 'e namme wie, Hathörsleff ('erfgenaam fan Hather'), bouden de Dominikanen yn 1228 in kleaster. Yn 1241 krige de stêd it rjocht om merken te hâlden.
Haderslev krige yn 1292 fan Waldemar IV it Sleeswykske stedsrjocht; de stêd waard fersterke en krige trije stedspoarten. Mei it ôfdaamjen fan 'e Mûnestream (Møllestrømmen) ûntstie west fan 'e stêd in grut opslachmar, de Haderslev Dam, sadat de stêd op in skiereilân kaam te lizzen. De brêge oer de Mûnestream is noch altiten yn it wapen fan 'e stêd te sjen. Yn 'e midsiuwen waard de stêd ien fan 'e meast ûntwikkele plakken yn 'e regio.
Reformaasje
bewurkje seksjeYn 1523 joech kening Freark I syn soan Kristiaan III de opdracht om de amten Tørning en Haderslev en de stêd te bestjoeren. Kristiaan naam al gau de lear fan Maarten Luther oan en beneamde yn 1526 de Maagdeburgske reformator Eberhard Weidensee, dy't fan de stêd in protestantsk sintrum makke en de start fan de reformaasje yn it noarden waard. Om't op basis fan 'e lutherske Bibeloersetting sûnt yn it Dútsk preke waard, namen dielen fan de middenklasse dy taal yn 'e rin fan 'e tiid oer, wylst de earme lagen fan 'e befolking Deensktalich bleaune.
Opdieling Sleeswyk-Holstein
bewurkje seksjeNei de dea fan Freark I folge Kristiaan III him op en waard it hartochdom Sleeswyk-Holstein ûnder de soannen fan Freark I ferdield. Hâns de Aldere krige it grutste diel fan Noard-Sleeswyk mei in pear dielen fan Holstein. Hy residearre yn Haderslev en ferfong it âlde kastiel troch in nij kastiel fierder nei it easten en wie in tige betûft en wurdearre bestjoerder, mei each foar rjochtfeardigens. Yn it ophefte kleaster stifte er oan 'e súdlike râne fan 'e stêd in hospitaal, dat noch jimmeroan syn namme draacht. Hartoch Hâns ferstoar yn 1580 sûnder neiteam en it gebiet waard ferdield ûnder de twa oare bruorren, mar Haderslev bleau no tenei ûnder it diel fan 'e Kroan. It slot fan hartoch Hâns waard yn 'e oarloggen mei Sweden yn 'e 17e iuw ferneatige nei 't troepen fan 'e Sweedske generaal Wrangel it slot oermastere en letter net wer opboud.
Mei't it smelle fjord net geskikt foar de gruttere skippen wie, rekke de stêd in diel fan syn hannelsposysje kwyt. Dochs bleau Haderslev it sintrum foar it noarden fan it hartochdom Sleeswyk. Yn 1771 waard 13 km noardlik fan Haderslev de konkurrint Christiansfeld stifte, in delsetting fan de Herrnhutters, dy't belangrike hannelsprivileezjes krigen.
Dútsk-Deenske kwestje
bewurkje seksjeYn 'e 19e iuw ûnstie de Sleeswyk-Holsteinske kwestje, dy't gie oer de fraach by hokker lân Sleeswyk hearre moast. Wylst Dútske nasjonalisten Sleeswyk mei Holstein as ien steat yn it Dútske Bûn opnimme woene, gyngen de Denen der foar om Sleeswyk nauwer te ferbinen mei de Deenske Kroan. Nei de Earste Dútsk-Deenske Kriich, dy't troch Denemark wûn waard, wie it foar in koarte tiid wer frede. It Deensk en it Dútske wiene yn it offisjele ferkear fan 'e stêd lykberjochtige, wylst it ûnderwiis tenei foar it measte Deensktalich wie.
It konflikt lôge lykwols yn 1863 wer op, doe't it Deenske regear it keninkryk en Sleeswyk ûnder in mienskiplike grûnwet sette woe en dêrmei tsjin eardere ôfspraken Sleeswyk nauwer oan it keninkryk ferbine woe. Op 'e nij briek der oarloch út, dy't yn 1864 einige mei in oerwinning fan Dútslân.
De nije lânsgrins tusken Dútslân en Denemark kaam no 15 kilometer noardlik fan 'e stêd te lizzen. Dat hie fan gefolgen dat Haderslev ôfsnien waard fan 'e ekonomyske ferflechting mei it noarden. Dochs makke de stêd mei in nije oriïntaasje op it suden in ekonomyske bloei mei.
Nei de Earste Wrâldkriich waard der in Dútsk-Deenske referindum holden oer de fraach by hokker lân de ynwenners hearre woene. Yn 'e stêd Haderslev keas 38,6% foar Dútslân en 61,4% foar Denemark. Yn 'e doetiidske lânkring Haderslev wie 16% foar Dútslân en 84% foar Denemark. Om't Noard-Sleeswyk en bloc foar Denemark keas hearde stêd sûnt 15 juny 1920 by it Keninkryk Denemark. Rillegau nei de ferieniging mei Denemark waard de stêd ek de sit fan it oprjochte lutherske bisdom Haderslev.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeDoe't Dútske troepen op 9 april 1940 Denemark besetten, fûn der in koarte striid plak yn Haderslev, wêrby ferskillende Deenske soldaten omkamen. De Dútsers feroaren de lânsgrins lykwols net op 'e nij. Yn dy tiid waard likernôch 15 km west fan it stedssintrum in loftmachtbasis oanlein, hjoed-de-dei de iennich oerbleaune basis fan 'e Deenske loftmacht.
Nei 1945
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldkriich spile de grinskwestje wer foar in skoft op 'e nij op. Mei de ûndertekening fan 'e Ferklearringen fan Bonn troch Dútslân en Denemark kaam der yn 1955 definityf in ein oan it Dútsk-Deenske konflikt.
De grutste ramp nei de oarloch wie yn 1959 doe't in passazjierskip op de Haderslev Dam yn 'e brân rekke. Fan de 93 passazjiers op it skip kamen 54 minsken fuortendaliks om it libben, wylst letter nochris trije ferstoaren oan harren brânwûnen.
Twatalige buorden
bewurkje seksjeYn 2015 sette boargemaster Hans Peter Geil in twatalich plaknammeboerd by de stedsgrins, itjinge op 'e nij oanlieding waard ta in taalstriid. Der ûnstie in fûle diskusje oer de (lytsere) Dútske plaknamme op it boerd en nei in pear dagen wie it boerd al troch fandalisten neisjoen. Lang om let waard it boerd troch ûnbekenden ferwidere. Ferskillende partijen yn 'e gemeenteried (Venstre, Dansk Folkeparti en Liberal Alliance) karden de aksje fan 'e boargemaster ôf, mar dêrmei wie de saak net ôfdien. Yn 2020 joech de boargemaster oan dat er nei oanlieiding fan in kritysk rapport fan 'e Ried fan Europa foar it net opnimmen fan Dútske nammen op buorden yn gebieten mei in Dútske minderheid, de saak nochris foarlizze woe oan de gemeenteried.[1] It die lykwols bliken dat de saak noch jimmeroan tige gefoelich leit yn Denemark en de kwestje waard net behannele.[2] Oan de Dútske kant fan de grins roppe twatalige buorden folle minder ferset op. Sa hat Flensburg al sûnt 2008 twatalige kombuorden.
Bestjoerlike weryndieling
bewurkje seksjeYn 1970 fusearre de stêd mei de gemeenten Moltrup, Vonsbæk, Åstrup, Øsby, Halk, Grarup, Starup, Vilstrup en Hoptrup en in stik fan Gammel Haderslev ta de nije gemeente Haderslev. Yn 2007 folgen de gemeenten Gram en Vojens en de doarpen Bevtoft, Hjerndrup, Bjerning en Fjelstrup.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De domtsjerke fan Haderslev is ien fan 'e moaiste goatyske tsjerken fan it lân. De tsjerke is ryk oan epitafen, grêfkapellen, in brûnzen doopfont en twa oargels.
- In soad strjitten yn 'e binnenstêd hawwe noch altiten in sletten bebouwing út de 17e oant 19e iuw.
- De Wettermûne is hjoed-de-dei omboud ta in teäter.
- It Hartoch Hâns-hospitaal datearret fan 'e 16e iuw.
- It âlde tsjerkhôf telt in soad histoaryske grêfmonuminten.
- De Haderslev Dam is in midsiuwske opslachmar mei dêr om hinne in soad kuierpaden.
Musea
bewurkje seksje- Dalgade 7: Haderslev Museum (argeology),
- Simmerstedvej 1: Slesvigske Vognsamling (samling koetsen)
- Slotsgade 20: Museum Sønderjylland Ehlers Lertøjssamling (keramyksamling)
- Slotsgade 22: Von Oberbergs Hus (museum oer it gebou en de Deensk-Flaamske arsjitekt Hercules fan Opbergen)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside, foar boarnen en literatuer sjoch: de:Haderslev.
|