Tsjerke fan Starup
De Tsjerke fan Starup (Deensk: Starup Kirke) is in midsiuwsk tsjerkegebou yn Starup eastlik fan de stêd Haderslev yn Denemark. De tsjerke stiet tichteby it fjord fan Haderslev en is de âldste tsjerke fan Súd-Jutlân. It is ek de iennige fan travertyn boude tsjerke en trijeskippige doarpstsjerke yn Súd-Jutlân.
Tsjerke fan Starup | ||
Lokaasje | ||
lân | ||
regio | Súd-Denemark | |
gemeente | Haderslev | |
plak | Starup Denemark | |
adres | Kirkevej 30 | |
koördinaten | 55° 14' N 9° 31' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Deenske Folkstsjerke | |
bisdom | Haderslev | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1100, 1908-1918 | |
Webside | ||
www.starupkirke.dk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak hat it Museum fan Haderslev spoaren fûn fan in hannelspost, dy't simmerdeis brûkt waard as hannels-, ambachts- en wengebiet. It gebiet wie tichtbefolke en de oerbliuwsels fan putten, ûnen en hurden, mar ek ôffal, wize op in soad drokte, dy't in soad hannelsreizgers en keaplju oanluts. Fynsten fan mei gewoan ôffal mingde bouresten makke it mooglik om de tsjerkebou te datearjen om it jier 1100.
Sûnt it begjin wie de tsjerke as trijeskippich gebou ûntwurpen, wêrfan de fûnemeninten fûn binne, mar der is twifel of der wol in dak op de sydskippen sitten hat en of de muorren fan de tsjerke wol de hichte hân ha sa't dat bedoeld wie.
Ynienen, sa healwei de 12e iuw, einigen de bouaktiviteiten. Mooglik wie dat om't Haderslev as ferkearsknooppunt opkaam mei de mooglikheid om dêr makliker it fjord oer te stekken. De muorren fan de sydskippen waarden doe ôfbrutsen en it ôfbraakmateriaal waard brûkt om de arkades fan it middenskip op te foljen, dy't doe de bûtenmuorren fan 'e tsjerke waarden. De tsjerke bleau likernôch 700 jier lang as ienskippich gebou besteande út it skip, it koer en de apsis.
De hjoeddeiske sydskippen binne útfierde rekonstruksjes yn it ramt fan 'e jierren 1908-1918, mar hawwe net deselde ôfmjittings as de oarspronklike sydskippen.
Toer
bewurkje seksjeFynsten wize út dat der oarspronklik plannen wiene foar òf in hiele grutte toer op it westen òf twa smellere tuorren by de sydskippen, mar earst yn 1450 krige de tsjerke in fan kleastermoppen boude toer.
De izeren ankers toane de jiertallen 1591 en 1779, itjinge tsjut op resp. in fernijing fan 'e kaskomuorre fan 'e toer oan 'e westlike en súdlike kant en in yngreven restauraasje fan 'e hiele toer.
De dakspanen fan 'e toer waarden yn 1760 ferfongen troch lead en de spits, dy't heger wie, waard fanwegen brekfalligens yn 1823 ynkoarte. Tagelyk krige de toer in wynwizer.
Fresko's
bewurkje seksjeBy de restauraasje fan 1908-1918 waarden fierder hast gjin spoaren mear fan âlde fresko's fûn, útsein yn 'e apsis. Yn 'e koepel fan 'e apsis fûn de skilder August Wilckens resten fan Kristus mei de evangelisten en in steande figuer fan Marije. Fan de apostels ûnder wiene alllinne de knibbels noch oanwêzich. De skilder hie soartgelikense resten by de restauraasje yn 'e tsjerke fan Hvidding fûn en mei help fan 'e fresko's yn dy tsjerke makke Wilckens yn 1917 in rekonstruksje yn Starup.
De fresko's yn it koer en it skip binne frije ynterpretaasjes fan 'e skilder. Yn it koer wurde de Krusiging en Opstanning útbylde. Op de muorre fan 'e triomfbôge is it Lêste Nachtmiel ôfbylde. Oan 'e sudlike kant fan it skip binne Ald-Testamintyske foarstelling en oan de noardlike kant foarstellings út it libben fan Jezus oanbrocht. Fierder binne der op 'e westlike muorre foarstellings fan Adam en Eva te sjen.
De hechting fan it stúkwurk mei dêrop de muorrebeskilderingen wie net goed en by in restauraasje yn 'e jierren 1950 binne, njonken wat al delfallen wie, alle losse dielen ferwidere. De lege fjilden waarden dêrnei opfolle mei gips. Yn 1999 sette in nije restauraasje útein en waard de ûntbrekkende beskildering op 'e nij oanfolle. By it 900-jierrich jubileum fan 'e tsjerke wie de restauraasje foltôge.
Ofbylden fresko's
bewurkje seksjeKlik op ôfbyld foar fergrutting
Ynvintaris
bewurkje seksjeDe preekstoel datearret fan 1612 en is yn 'e styl fan de renêssânse. Yn 'e fiif fjilden fan 'e kûp wurde Kristus en de evangelisten útbylde.
Yn 1742 waard it romaanske graniten doopfont ferwidere en ferfongen troch in houten doopfont mei in ingel, dat no yn ít súdlike sydskip is te sjen. It oarspronklike bekken fan it doopfont waard werom fûn op in pleats yn Vandling en yn 1915 wer op de âlde foet werom set yn 'e tsjerke.
Yn it súdlike skip is in skilderij út 1716 dat Kristus as oerwinner fan dea en sûnde foarsteld.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1920 troch Marcussen & Søn boud en ferfong doe in oargel út 1834.
Runenstien
bewurkje seksjeFoar de tagong fan 'e tsjerke stiet in 700 jier âlde runenstien, dy't ûnder de tsjerke fûn is. Op de stien steane de wurden Eiriks kub, dat 'ta neitins fan Erik' betsjut.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer wat de ynrjochting oanbelanget, sjoch op dizze side: da:Sønder Starup Church.
|