Marcussen & Søn
Marcussen & Søn is in Deenske oargelmakkerij dat syn sit yn Aabenraa hat. It bedriuw hat njonken oargels yn Denemark ek ynstruminten boud yn Dútslân, Sweden, Finlân, Grut-Brittanje, Súd-Afrika, Japan, de Feriene Steaten en Nederlân.
Skiednis
bewurkje seksjeIt bedriuw waard yn 1806 troch Jürgen Marcussen (1781-1860) stifte. Sûnt 1826 makke syn Dútske gesel en kammeraat Andreas Reuter ek diel út fan it bedriuw, dat doe de namme Marcussen & Reuter droech. De namme fan it bedriuw feroare yn 1848 yn Marcussen & Søn, doe't Jürgens soan Jürgen Andreas him by it bedriuw foege. Nei de dea fan de stifter fan it bedriuw yn 1860 waard Jürgen Andreas Marcussen allinne eigner fan de ûndernimming. Tusken 1902 en 1922 hie Johannes Lassen Zachariassen (1864–1922), in beppesizzer fan de dochter fan de stifter, de lieding oer it bedriuw.
It bedriuw wurke noch oant likernôch 1900 yn de oargeltradysje fan de barok, mar gyng doe lykas hast alle oare oargelbouwers oer op pneumatyske en elektryske traktuer. Dat duorre net lang, want Marcussen wie ien fan de earste oargelbouwers fan de saneamde Orgelbewegung en gyng werom op it lûd, de struktuer en technyk fan it Noard-Europeeske barokoargel. De persoan efter de feroaring wie Sybrand Zachariassen (1900–1960), dy'yn 1922 yn de âldens fan 21 de lieding oer de firma oernaam. Yn in lytse twintich jier krigen de oargels fan Marcussen in ynternasjonale reputaasje, dy't bekend waard foar it leverjen fan modellen fan it mechanyske oargel, it type dat yn de twadde helte fan de 20e iuw op 'e nij de basis waard foar de Europeeske oargelbou.
Sybrand Jürgen Zachariassen (1931-2012) waard yn 1960 direkteur fan it bedriuw. Yn 1994-1995 waard it in famylje bedriuw mei beheinde oanspraaklikens, doe't Claudia Zachariassen (berne 26 maaie 1969 yn Sønderborg, de 7e generaaasje fan de Marcussen-Zachariassen famylje) by de firma kaam. Sûnt 2002 is hja algemien direkteur.
It bedriuw is sûnt 1830 yn Aabenraa yn it suden fan Jutlân fêstige. It âldste noch te bespyljen oargel fan it bedriuw datearret fan 1820. De ûndernimming makke yn de rin fan de tiid sa'n 1.125 tsjerke- en konstertoargels en restaurearren oargels oer de hiele wrâld. It haadoargel fan de Laurenstsjerke yn Rotterdam waard boud troch Marcussen & Søn en is mei 7.486 oargelpipen it grutste oargel fan Nederlân en ien fan de grutste oargels fan Europa.
Oargels (Nederlân)
bewurkje seksjeboujier | plak | Ts | ôfbyld | manualen | registers | opmerkings |
---|---|---|---|---|---|---|
1956 | Utert | Nicolaïkerk | III/P | 33 | Noch foar de foltôging fan it oargel wist Marcussen mear opdrachten yn Nederlân ôf te slutten. It bedriuw yntrodusearre mei de bou fan it oargel yn de Nikolaïtsjerke in standaard, dêr't alle bouwers fan neobarokke oargels tenei rekken mei hâlde moasten.[1] | |
1953 | Utert | Nicolaïkerk | II/P | 16 | It saneamde Sweelinck-oargel waard yn 1963 boud yn opdracht fan de NCRV en stiet sûnt 2002 yn de Nikolaïtsjerke.[2] | |
1964 | Moerdijk | St. Stefanustsjerke | III/P | 28 | Oarspronklik boud foar de Sint-Stefanustsjerke yn Moerdijk. Fanwegen sluting fan de yn 2018 foar it measte ôfbrutsen tsjerke waard de "Stifting Behâld Marcussenoargel Moerdijk" oprjochte om nei in oare lokaasje foar it oargel te sykjen, dat eartiids skonken waard troch it Deenske regear foar de weropbou nei de wettersneed fan 1953. De stifting is dêr yn slagge en it oargel waard yn de Sint-Joannis Baptisttsjerke fan Klundert wer opboud. Sa bleau it ynstrumint bewarre foar de regio en ús lân.[3][4] | |
1973 | Rotterdam | Grutte of Sint-Laurenstsjerke (Rotterdam) | IV/P | 85 | It oargel mei in hichte fan 23 meter en is it grutste oargel fan Nederlân. It is it grutste tsjerkeoargel mei mechanyske traktuer fan Europa. | |
1959 | Rotterdam | Grutte of Sint-Laurenstsjerke (Rotterdam) | IV/P | 44 | Marcussen boude in nij ynstrumint foar de âlde oargelkas út 1539, nei alle gedachten makke troch de houtfiker Adriaan Schalcken út De Bosk. De kas krige fan Marcussen ek in rêchwurk. | |
1959 | Rotterdam | Grutte of Sint-Laurenstsjerke (Rotterdam) | I/P | 8 | De kas fan it koeroargel datearret út 1720 en ôfkomstich út in Amsterdamske skûltsjerke. Marcussen boude yn de kas in ynstrumint mei acht registers. | |
1961 | Grins | Fermanje fan Grins | III/P | 24 | ||
1964 | Zierikzee | Gasthûstsjerke | II/P | 20 | ||
1988 | De Haach | Kleastertsjerke | III/P | 40 | ||
1968 | Goes | Grutte of Marije Magdalenatsjerke | III/P | 39 | De oargelbouwer boude yn 1968 in nij ynstrumint yn de histoaryske oargelkas. Marcussen levere in oargel fan 39 registers. It Marcussen-ynstrumint waard yn de jierren 1980 troch
B.A.G. Oargelmakkers útwreide ta 43 registers.[5] |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|