Domtsjerke fan Haderslev
De Domtsjerke fan Haderslev of Us-Leaffrouwetsjerke (Deensk: Haderslev Domkirke of Vor Frue Kirke) is it grutste tsjerkegebou fan Súd-Jutlân, Denemark. Sûnt 1922 is de Marijetsjerke de sit fan it lutherske bisdom Haderslev, sadat de tsjerke de status fan dom krige.
Domtsjerke fan Haderslev | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
plak | Haderslev | |
adres | Domkirkepladsen 3 | |
koördinaten | 55° 14' N 9° 29' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Haderslev | |
patroanhillige | Marije | |
Webside | ||
Hiemside bisdom domtsjerke | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e 13e iuw ûntwikkele Haderslev him ta ien fan 'e belangrike stêden yn 'e krite. Yn dy tiid waard de lytsere graniten tsjerke ferfongen troch in heechgoatysk gebou fan reade bakstien. It trijeskippige gebou hat in koer, in dwersskip, in barok portaal, in sakristy en in pear kapellen. Mei it hegere middenskip sit de tsjerke wat tusken it type fan in halletsjerke en in basilyk yn.
Yn 'e 15e iuw waard it noch romaanske koer ek trijeskippich en op 'e selde hichte brocht as it haadskip. De goatyske koerfinsters binne 15,9 meter heech.
Flechtsjende troepen feroarsaken yn 'e Tritichjierrige Kriich yn 1627 in slimme brân, dy't de tsjerke en in grut part fan 'e stêd trof. De toer en it westlike diel dêrfan en it noardwestlike diel fan it hjoeddeiske tsjerkegebou rekken slim skeind troch it fjoer. De werbou gie stadich en waard pas yn 1650 foltôge. Der wie gjin jild mear om 'e tsjerke yn 'e oarspronklike foarm te werbouwen. Sa waard de ynstoarte toer net werboud. De tsjerke krige doe in nij portaal yn in oergongsstyl fan renêssânse nei barok.
Ynrjochting
bewurkje seksjeIt triomfkrús boppe it alter datearret út likernôch 1300. It krús komt oarspronklik út de tsjerke fan Egebjerg by Holbæk. De goatyske bylden fan Marije en Jehannes de Doper datearje út de tsjerke fan Seem by Ribe.
It brûnzen doopfont waard yn 1485 yn Flensburg getten. It bekken wurdt droegen troch de fjouwer evangelisten en it is fersierd mei bibelske foarstellings. Sokke doopfonten binne ek yn de wichtichste tsjerken fan Flensburg, de Marijetsjerke en de Nikolaastsjerke, en de Nikolaastsjerke fan Eckernförde te sjen.
It ikehouten deksel waard yn 1639 troch Hans Bertram en de frou skonken. In pear jier letter is de preekstoel troch Georg von Ahlefeldt en Margarethe Blumen skonken. Yn 'e tsjerke hingje 18 kroanluchters, wêrfan de âldste út 1605 datearje. Yn it noardlik sydsip hinget it fotyfskip Fyn. De epitafen datearje út de 17e en 18e iuw.
By in 19e-iuwske restauraasje krige de tsjerke in nije tegelflier. Yn it ramt dêrfan binne in grut tal sarken ferlern gien. Yn 'e oarlochsjierren waarden der by in restauraasje fresko's ûntdutsen fan û.o. wapens fan Sleeswiker en Holsteine adel, dy't restaurearre en rekonstruearre binne. Yn it súdlike sydskip is in fresko fan Sint-Piter en yn it noardlike sydskip in fresko fan 'e hillige Barbara bewarre bleaun.
Oargel
bewurkje seksjeDe oargelas fan it grutte oargel op 'e westlike kreake waard yn 1652 troch Peter Carstensen boud. It ynstrumint waard yn 1948 troch Marcussen & Søn boud mei gebrûk fan âldere pipen. It oargel hat 72 registers op fjouwer manualen en pedaal.
-
Doopfont
-
Oargel
-
Fresko Sint-Barbara
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: op dizze side.
|