Haersmastate (Eastermar)
Haersmastate of Driezigt wie in state east fan Eastermar yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
It boujier is net bekend. De famylje Van Haersma krige yn de gemeente Smellingerlân in soad bekendheid. De staach fan de famylje yn Estermar die it minder goed. Net allinnich finansjeel, mar ek wat neiteam oanbelanget, buorken se sa goed net as de Smellingerlânske takke fan de famylje.
Om 1645 is de state eigendom fan Meijert Eerckes fan Haersma en syn fru Sjoertie Piers Rinckema.
Tritich jier letter, om 1675, wenje soan Ericus Meijerts fan Haersma en syn frou Anna Clara Canter op Haersmastate. Anna Clara erft Canterstate yn Driezum fan har heit, dat troch dit houlik wreidet Ericus syn grûnbesit frijwat út. Yn 1698 is hy ûndermear eigener fan de stimmen 4 en 5 yn Dantumawâld. Hy is folmacht op de Lândei foar Dantumadiel, âlderling yn Driezum en lid fan de Synoade op It Hearrenfean. Yn 1688 wurdt hy boargemaster fan Harns en is dêr lid fan de Admiraliteit fan Fryslân. Se wenje simmerdeis om en om op Canterstate yn Driezum en op Haersmastate yn Eastermar. Yn de winter wenje se meast yn Harns.
Nei de dea fan Ericus om 1720 set Anna Clara har definityf nei wenjen op Canterstate en lit Haersmastate oan har dochter Aurelia, dy't troud is mei har neef, ritmaster Johannes Petrus Poutsma. Dy lêste lit tusken 1708 en 1718 in nij "herenhuis" sette dat ek Haersma doopt wurdt. Johannes stjert yn 1723 en is yn de nacht fan 25 op 26 maaie fan dat jier yn de tsjerke fan Eastermar beïerdige. Dat wie destiids moade ûnder de riken. Hoe letter yn de nacht de begraffenis wie, deste heger de status fan de ferstoarne.
Syn widdo bliuwt yn Eastermar wenjen, mar ferkeapet ii prachtige nije hûs oan jonkhear Jetze Baerdt fan Sminia. Dizze keap wurdt sa beskreaun:
De Heerenhuisinge met hovinge, singels, boomen en Plantagiën met de stecken en homeyen, het gestoelte in ’t choor van der kerk tot Oostermeer, doch buiten de graven in de kerk; een zathe lands bij Jan Beerents als meyer gebruikt (de slotplaats); zekere huisinge "het klein blauwhuis" bij Hoeke Haiis als meyer in gebruik, bestaande in een camp land voor het huis en twee fennen op de meerswal, alles tezamen voor 20.000 car. gulden.
Jetze Baerdt fan Sminia ferstjert yn 1771 en it hûs wurdt eigendom fan syn soan Hobbe Baerdt fan Sminia (1730-1813) en yn 1786 is it eigendom fan A.J. (Arend Johannes?) fan Sminia, sekretaris fan Deputearre Steaten fan Fryslân.
De "Tegenwoordige Staat van Friesland" fernijt yn boek 2 op side 295 yn 1786 by Eastemar: Bij dit dorp ligt ook eene vermaakelijke plantagie en buitengoed, thans aan den Welgeb. Heere A.J. van Sminia, Secr. der Ed. Mogende Heeren Staaten van Friesland, toebehorende.
Bewenners
bewurkje seksje- 1645 Meijert Eerckes fan Haersma en Sjoertie Piers Rinckema
- ± 1675 Ericus Meijerts van Haersma en Anna Clara Canter
- Aurelia fan Haersma en Johannes Petrus Poutsma
- 1723(?) - 1771 Jetze Baerdt fan Sminia
- 1771 Hobbe Baerdt fan Sminia
- 1786 A.J. van Sminia
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|