Haghpat
Haghpat (Armeensk: Հաղպատ) is in doarp yn 'e Armeenske provinsje Lori. It doarp leit tichteby de stêd Alaverdi en de grins mei Georgje.
Haghpat Հաղպատ | ||
Tsjerke by Haghpat | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
provinsje | Lori | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 668 (2011) | |
Hichte | 1.000 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+4 | |
Koördinaten | 41°5'N 44°39'E | |
Kaart | ||
It doarp is bekend fanwegen it kleaster Haghpat, in midsiuwsk kleasterkompleks dat yn 'e 10e iuw stifte waard. It kleaster stiet mei it tichtebylizzende kleaster fan Sanahin op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Geografy
bewurkje seksjeIt doarp leit op in plato, in grut flak gebiet dat troch djippe en steile kleauwen trochsnien wurdt fan rivieren. Dêrûnder is ek de rivier de Debed.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Haghpat fan Wikimedia Commons. |