Hajravank' (Armeensk: Հայրավանք) is in kleaster út de 9e oant 12e iuw noardeastlik fan it doarp Hajravank oan 'e súdwestlike kust fan 'e Mar fan Sevan yn 'e Armeenske provinsje Gecharkûnik. It kompleks bestiet út in tsjerke, in kapel en in gavit.

Hajravank
Հայրավանք
Lokaasje
lân Armeenje
provinsje Gecharkûnik
plak Noardeastlik fan Hajravank
koördinaten 40°25'N 45°6'E
Ynformaasje bou
boujier 9e oant 12e iuw
Kaart
Hajravank (Armeenje)
Hajravank

Om it kompleks leit in lyts tsjerkhôf mei tal fan chatsjkar's en grêven. Noardwest fan it kleaster binne de resten fan fortifikaasjes en de fûneminten fan in delsetting, dy't fan 'e brûnstiid oant de midsiuwen datearje. Archeologysk ûndersyk brochten tal fan saken oan it ljocht út sawol de brûnstiid as de izertiid. De gebouwen binne oerdutsen mei koarstmoas, dat it kompleks in read-oranje kleur jout.

 
Chatsjkar's.

De 9e-iuwske tsjerke hat in plattegrûn fan in fjouwerpas mei fjouwer healrûne apsissen dy't inoar kruse om sa trompen te realisearjen foar de achthoekige tamboer en de koanyske koepel. Yn 'e 10e iuw waard in lytse kapel tafoege, dy't fanút de súdeastlike hoeke fan 'e tsjerke tagonklik is. De bou fan 'e gavit fûn plak yn 'e 12 iuw en dêrmei waard it kleaster foltôge. Ut de gavit wei liedt in portaal nei de tsjerke; der wurdt oannommen dat dat portaal earne yn 'e 12e-13e iuw tafoege is. Oan 'e súdlike kant fan 'e tsjerke is noch in twadde yngong.

 
Tsjerke, gavit en kapel.

De struktuer fan 'e bûtenmuorren fan 'e tsjerke ferskilt fan 'e rest fan it kompleks om't dêr ûnregelmjittige brokken stien yn 'e gevels ferwurke binne.

De tamboer en koepel binne by in restauraasje fan 1977 oant 1989, nei't de oarspronklike koepel earder ynstoart wie, wer opboud.

Om de tsjerke hinne steane in tal chatsjkar's, keunstsinnich bewurke grêf- en betinkingsstiennen. Fan 'e oare gebouwen, lykas de wenferbliuwen, de bibleteek, de skoalle ensafuorthinne, bleau neat bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: