Halidon Hill
Halidon Hill is in heuvel yn it uterste noardlikste puntsje fan Ingelân, deunby de grins mei Skotlân. Hy leit likernôch 3 km bewesten de stêd Berwick-upon-Tweed yn wat no it Ingelske greefskip Noardumberlân is, mar yn in krite dy't oant 1482 ta Skotlân hearde. De heuvel is 180 m heech, en leit likernôch 3½ km fan 'e Noardseekust ôf.
Halidon Hill | ||
De tinkstien foar de fjildslach op Halidon Hill. | ||
De lizzing yn Ingelân en yn it greefskip Noardumberlân. |
De namme fan Halidon Hill suggerearret dat der ienris in fortifikaasje op 'e top stie. De heuvel waard ferneamd troch de Slach by Halidon Hill, op 19 july 1333, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1332-1357). Dêrby brûkte kening Edwert III fan Ingelân bôgesjitters dy't er op 'e heuvelskeante stasjonearre om mei it leger fan Archibald Douglas, de beskermhear fan Skotlân, ôf te weven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |