Halmstad is de haadstêd fan de gemeente Halmstad en de haadstêd fan de provinsje Hallands län yn it lânskip Halland. It plak hat 59.005 ynwenners (2005) en in oerflak fan 3301 hektare. Halmstad leit op it plak dêr't de rivier de Nissan yn see útmûnet.

Halmstad
Polityk
Lân Sweden
Provinsje Hallands län
Sifers
Ynwennertal 59.010 (2008)
Oerflak 33,01 km²
Befolkingsticht. 1687 / km²
Offisjele webside
Offisjele webside
Lizzing fan Halmstad yn Sweden

Skiednis bewurkje seksje

Halmstad soe al foar de 11e iuw bestien hawwe en wie in hannelsplak. Ut reden fan oerstreamingen waard de delsetting in tal kilometers nei it noardeasten ferpleatst, tichter by de see. Halmstad soe yn 1307 stedsrjochten krige hawwe; it wie doetiids de grutste stêd oan de westkust fan Sweden. In iuw letter waard de stêd oermastere troch it Deenske ryk. Healwei de 16e iuw skonken de Deenske oerhearskers de stêd in stedswapen, út tankberens foar de moedige wjerstân dy't de stêd bean hie tsjin de opteine Sweden. Yn 1619 moeten de keningen Kristiaan IV fan Denemark en Gustaaf II Adolf fan Sweden oan de mûning fan de Nissan krekt bûten de stedspoarten, dêr't sy de frede ôffûstken. Troch it Ferdrach fan Brömsebro wurdt Halmstad yn 1645 in Sweedske stêd.

2007 waard it 700-jierrich bestean fan de stêd fierd.

Partnerstêden bewurkje seksje

Foto's bewurkje seksje

Trivia bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje