Han Gerard Hoekstra (De Haach, 4 septimber 1906 - Amsterdam, 15 april 1988) wie in Nederlânsk dichter dy't ek in protte gedichten foar bern skreau.

Han G. Hoekstra
skriuwer
Piet Esser & Han G. Hoekstra (1957)
Piet Esser & Han G. Hoekstra (1957)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Han Gerard Hoekstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 septimber 1906
berteplak De Haach
stoarn 15 april 1988
stjerplak Amsterdam
wurk
taal Nederlânsk
sjenre gedichten,
berneboeken
bekendste
  wurk(en)
Gouden rige
prizen Constantijn Huygenspriis (1972),
Jacobson-priis (1985)

Han G. Hoekstra gie yn De Haach nei de Kweekskoalle, mar gie dêrnei oan it wurk as sjoernalist. Fan 1945 oant 1971 wurke er by it deiblêd Het Parool. Hy siet doe ek, mei ûnder oaren de Parool-kollega's Annie M.G. Schmidt en Simon Carmiggelt, by it sjoernalistekabaret De Inktvis.

Hy waard, ek mei Schmidt, troch útjouwerij De Bezige Bij frege om de Amerikaanske bernerige de Gouden Boekjes oer te setten. Hy skreau ek sels in tal ôfleverings foar de rige, doe't dy langer net út oersettings bestienen, mar ek Nederlânske skriuwers mei eigen wurk meidwaan koenen.

Hoekstra bleau it meast ferneamd as dichter en skriuwer fan bernepoëzy. Yn it earstoan skreau er de berneferskes alinne foar syn eigen bern. Yn 1972 krige Hoekstra de Constantijn Huygenspriis foar syn folsleine oeuvre.

  • 1933 - Dubbelspoor (poëzij)
  • 1939 - De dorstige dichter (karlêzing)
  • 1940 - Het ongerijmde leven (poëzij)
  • 1944 - Vrij Nederlands liedboek (karlêzing)
  • 1946 - Amorosa (poëzij)
  • 1946 - Panopticum (poëzij)
  • 1947 - Het verloren schaap (bernepoëzij)
  • 1947 - Over Jan Campert (essay)
  • 1948 - Appeltjes van oranje (bernepoëzij)
  • 1948 - De ijsmuts van prins Karel (bernepoëzij)
  • 1952 - Rijmpjes en versjes uit de nieuwe doos (karlêzing)
  • 1953 - Pierement (kinderpoëzij)
  • 1953 - Versjes uit de grabbelton
  • 1955 - Het schoentje van Roosmarijn (bernepoëzij)
  • 1955 - Het toverpoeder (bernepoëzij)
  • 1955 - Meneertje weetgraag (bernepoëzie)
  • 1956 - De zandloper (poëzij)
  • 1970 - De dolle, dwaze zomer van '45 (poëzij)
  • 1972 - Verzamelde gedichten (poëzij)
  • 1975 - De jarige stad (poëzij)
  • 1986 - Iki en het wolkenschaapje (bernepoëzij)
  • 1999 - De kikvors en de eend (bernepoëzij)