Hannibal

(Trochferwiisd fan Hannibal Barka)

Hannibal, eins Hannibal Barka, soan fan Hamilkar Barka (Kartago, 247 f.Kr.Libyssa, 183 f.Kr.) wie in Kartaachsk generaal.

Buste fan Hannibal

Hannibal groeide op yn legerkampen fan syn adopsjeheit Hamilkar Barka. Syn heit wie generaal yn de Earste Punyske oarloch en hat letter Ibearje (Spanje en Portegal) ferovere. Troch syn heit wie Hannibal in fijân fan de Romeinen; syn heit wie fûl tsjin de Romeinen. Hy liet de lytse Hannibal dan ek swarre om nea in Romein as freon te hâlden.

Doe't Hamikar Barkas stoar (hy foel fan syn hynder), wie Hannibal al folwoeksen, mar noch net âld genôch om te lieden. Dêrom waard syn omke Hasdrubal regint. Hasdrubal hat it Ebro ferdrach tekene. It ferdrach ferdielde it lân yn twa stikken. Alles wat súdlik fan de Ebro lei wie fan Kartago en wat noard fan de Ebro lei wie fan de Romeinen. Kartago beloofde de Ebro net oer te stekken, sûnder in oarlochsferklearring nei Rome te stjoeren. Hasdrubal waard fermoarde en Hannibal waard de nije baas.

Hannibal wie populêr by de soldaten. Hy foel al rillegau de stêd Saguntum oan. De stêd lei súdlik fan de Ebro, mar wie in bûnsgenoat fan Rome. Hjirnei ferklearre Rome de oarloch oan Kartago. Hannibal woe Rome oanfalle. Hy gie mei 100.000 man en 36 oaljefanten nei Rome ta. Hy koe net oer de Middellânske See, Rome wie de baas op see nei in oarloch. Hy gie mei syn leger nei it noardlikste diel fan Marokko en gie sa nei Spanje. Dêrnei gienen se troch de Alpen om sa troch it noarden Rome binnen te fallen. Troch de Alpen gean wie tige swier. De paden leinen besiedde mei rotsblokken. Op hegere dielen befrear de grûn en der wienen faak sniestoarmen. Tûzenen manskippen en bisten gienen dea fan de honger en fan de kjeld. Neffens de Grykske histoarikus Polybius hie mar in kwart fan Hannibals leger de tocht oerlibbe.

Doe't hy yn Itaalje oankaam fersloech hy it iene nei it oare Romeinske leger. Hy stie foar de poarten fan Rome, mar syn iten rekke op. Hy moast nei Súd-Itaalje om iten te plonderjen. Rome hie yntiids in nei leger klear makke.

 
It gefjocht yn Zama

Skipio Afrikanus foel Kartago oan en Hannibal waard weromroppen. Hannibal lanne yn Noard-Afrika en marsjearre nei Skipio Africanus, dy’t nei him ta kaam. Se moeten elkoar by it plak Zama. Doe't Hannibal syn oaljefanten oanfalle liet, iepenen de Romeinske rigen harsels, sadat de oaljefanten net folle skea oanbringe koenen. Efter de haadmacht waarden se oanfallen troch licht bewapene soldaten. Dêrnei foel de ynfantery fan de beide legers elkoar oan. De Kartagers wûnen maklik. Mar ynienen ferskynden de ruters fan de Romeinen. Dizze ruters wienen opsyk nei fiedsel. Se foelen de Kartagers yn de rêch oan. As se in kertier letter komd wienen, hienen de Kartagers wûn. Mar no rûn it oars. Nei de Slach by Zama flechte Hannibal nei Syrje en Bitynje, wêr't hy himsels fan kant makke neidat hy ûntdutsen wie.