Johan Winston (Hans) Boekhoven (Nieuwe Pekela, 22 oktober 1946) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Nei de hbs studearre er oan de Alliance française yn Parys en oan it City of Londen College yn Londen ear't er yn Grins nei de heao gie. Dêrnei wurke er fan 1971 ôf as earste direksjesekretaris fan de Japanske Hannelskeamer yn Amsterdam. Trije jier letter kaam er yn tsjinst fan Enka in Arnhim en ein 1978 waard er ekonomysk meiwurker by de gemeentesekretary fan Kampen.

Syn heit Gerard Boekhoven hat boargemaster fan ûnder oare Nieuwe Pekela west en fan 1984 ôf gie Hans Boekhoven krekt as syn broer Rudi yn dy syn fuotleasten mei't er yn dat jier boargemaster fan Skiermûntseach waard. Op 1 jannewaris 1998 ferwikselen de boargemasters fan Skiermûntseach en Nijefurd fan harren funksje; offisjeel giene beide mei ferlof en waarden waarnimmend boargemaster yn de oare gemeente. Oanlieding dêrfoar wie dat de posysje fan Boekhoven op Skiermûntseach troch ûnder oare de saak oangeande plysjesjef René Lancee problematysk wurden wie wêrtroch't foar dizze tydlike útwikseling keazen waard. Uteinlik soe er net mear weromkomme nei Skiermûntseach en yn april 1999 waard Boekhoven yn Nijefurd dochs noch per Keninklik Beslút beneamd ta boargemaster.

Op 1 jannewaris 2011 gie Nijefurd op yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân dêr 't syn funksje mei kaam te ferfallen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Burgemeester Schier keek in vrijwel heel de wereld rond (Ljouwerter Krante, 21 maart 1984)