Hans Knoop
Hans Knoop (Naarden, 1943) is in Nederlânsk sjoernalist dy't fral bekend waard troch de rol dy't er spile by it ûntmaskerjen en de arrestaasje fan de oarlochsmisdiediger Pieter Menten.
Libben
bewurkje seksjeHy waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch berne as soan fan ûnderdûkte Joadske âlden. Knoop waard grutbrocht yn Amsterdam, dêr't er op de legere skoalle kunde krige oan Charles Geerts. Jierren letter wie Knoop in pear kear wurdfierder fan Geerts. Yn 1963 sette Knoop syn sjoernalistike karriêre út ein as ferslachjouwer by De Telegraaf. Letter wie er ûnder oare korrespondint yn Brussel en Tel Aviv,mei foar de AVRO. Fan 1968 oant 1971 wie er haadredakteur fan it Nieuw Israëlietisch Weekblad.
Fan 1974 oant oktober 1977 wie Hans Knoop haadredakteur fan it opinywykblêd Accent. Yn dy tiid spile de saak-Menten. Nei in tip fan in Israelysk sjoernalist slagge it Knoop, lykas ek TROS-sjoernalist Wibo van de Linde materiaal te finen dat belêstend foar Menten wie. Menten naaide yn novimber 1976 út nei it bûtenlân, mar Knoop spoarde him op yn Switserlân en Menten waard útlevere oan Nederlân en berjochte.
Nei syn wurk foar Accent stichte Knoop in media-advysburo. Sûnt 1990 wennet er yn België en komt er út en troch noch wolris yn it nijs. Yn 2005 gie er it petear oan mei Gretta Duisenberg, dy't er in antysemyt neamde. Yn maaie 2006 beskuldige er de Dútske ûndernimmer en Media Markt-eigener Otto Beisheim derfan dat dy syn winkelkeatling opset hie mei Switsersk jild dat fan de Waffen-SS kaam.
Hans Knoop brocht in tal publikaasjes op syn namme, ûnder mear Zesdaagse van Sinaï, De Joodsche Raad van Amsterdam en Wouter Basson, de Mengele van Zuid-Afrika.
Yn 2007 begûn Knoop in rjochtssaak tsjin Het Parool, âld-haadredakteur Erik van Gruijthuijsen en sjoernalist Bart Middelburg. De rjochter oardielde dat de term sjacheraar, sa't Middelburg Knoop neamd hie, net antysemitysk wie.
Telefyzjerige
bewurkje seksjeNeijier fan 2016 stjoerde Omrop MAX in telefyzjesearje út oer de Saak-Menten, basearre op Knoop syn boek út 1977. Guy Clemens spile Knoop yn de searje.[1]
Bibliografy
bewurkje seksje- De zesdaagse van Sinaï, Israël. Bussum, Van Dishoeck, 1967
- De zaak Menten, met nieuwe onthullingen over de Velser Affaire, mei foarwurd fan Simon Wiesenthal. Amsterdam, Becht, 1977.
- The Menten Affair. New York, Macmillan, 1978.
- De Joodsche Raad, het drama van Abraham Asscher en David Cohen. Amsterdam, Elsevier, 1983
- De zaak Marc Dutroux. De Haach, BZZTôH, 1998
- Dr. Wouter Basson, de Mengele van Pretoria. De Haach, BZZTôH, 2000
- Israel, van lieveling tot paria, Just Publishers, 2011.
- De zaak Menten, het complete verhaal. Just Publishers, 2016. 272 s. ISBN 978-90-8975-860-6
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hans Knoop fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|